Kuierders úteinset mei Fjouwerdeiske fan Nimwegen

july 17, 2018 08:20

Foto: pixabay.com

Mar leafst 44.480 kuierders binne ier en betiid begûn oan de 102e edysje fan de Fjouwerdeiske. Om 04.00 oere waard yn it sintrum fan Nimwegen it startsein jûn foar de hast njoggentûzen kuierders dy’t fyftich kilometer deis rinne. De measte kuierders lizze deis fjirtich kilometer ôf. Op de earste dei, de Dei fan Elst, kuierje se troch de Betuwe yn de rjochting fan Arnhim om fia Bemmel werom te gean nei Nimwegen. It ûnthjit in waarme dei te wurden, mei in lytse kâns op in pear drippen.

Dit jier dogge der 82 nasjonaliteiten mei, en dêrmei is fjirtjin persint net-Nederlânsk. Foar it earst dogge der ek minsken mei út Eritrea, Gambia, Oman, de Palentynske gebieten en Tanzania. Trije dielnimmers binne 91 jier ôf âlder. Ferline jier rûnen 38.409 minsken de Fjouwerdeiske út. Hast njoggen persint fan de minsken dy’t har oanmeld hiene, foel út. Helpferlieners behannelen 16.551 blierren en brûkten sa’n tweintich kilometer ferbân.

july 17, 2018 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.