Muzykûnderwiis foar alle basisskoallebern

july 30, 2018 12:39

Op 20 septimber sil op in feestlik, muzikaal evenemint yn skouboarch De Lawei yn Drachten it konvenant ‘Méér Muziek in de Klas Lokaal Fryslân’ ûndertekene wurde.

Om’t muzyk noch lang net oeral in fêst en fanselssprekkend ûnderdiel fan it ûnderwiis útmakket, is it programma ‘Méér Muziek in de Klas Lokaal’ ûntwikkele. It programma stribbet dernei dat it muzykûnderwiis in fêst plak krijt op basisskoallen yn de regio. Dat bart troch alle regionale partijen dy’t dêrfoar nedich binne oanelkoar te ferbinen en gearwurkje te litten.

De ôfrûne moannen is der mei fertsjintwurdigers fan de provinsje, gemeenten, ûnderwiis, oplieders en kulturele ynstellingen wurke oan in provinsjebreed konvenant. In konvenant dêr’t yn útsprutsen wurdt dat foar alle basisskoallebern yn Fryslân yn 2022 struktureel muzykûnderwiis realisearre is.

 

 

 

july 30, 2018 12:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.