Kongres ‘Selsmoard komt men mei-inoar tefoaren’

july 16, 2018 12:58

It tal gefallen fan minsken dy’t harsels tekoart diene, wie yn 2017 heger as yn 2016. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Fryslân is wat dat oangiet lanlik besjoen de fyfde provinsje en sit boppe de lanlike trochsneed. Selsmoardprevinsje kriget dan ek ûnfermindere omtinken fan GGZ Fryslân. Dy tsjinst organisearret mei GGD Fryslân en 113 Selsmoardprevinsje op moandei 10 septimber 2018 it kongres ‘Suïcide voorkom je samen’. Dat is bedoeld foar soarchprofesjonals mar ek oaren dy’t dêr belangstelling foar hawwe. 

Yn 2017 makken 1917 minsken in ein oan it libben, 23 mear as yn 2016. Under minsken fan 10 oant 20 jier naam dat ta fan 48 yn 2016 oant 81 yn 2017. Yn dy groep giet it benammen om âldere teeners. Under minsken âlder as 60 jier is it tal ôfnommen. Fan alle Nederlanners tusken de 10 en 30 jier, stjert goed in fjirde part troch selsmoard. Dat komt yn dy kategory faker foar as it ferstjerren oan kanker (15 persint), troch ferkearsûngemakken (10 persint) of oan hert- en iersykten (5 persint).

Kongres
Op it kongres, yn it Van der Valk Hotel by Ljouwert, wurde sawol presintaasjes as workshops holden. Dy geane bygelyks oer de iepenheid fan boargers yn Fryslân as immen selsmoardgedachten hat. Mar ek oer hoe’t in bydrage levere wurde kin oan ûnder mear selsmoardprevinsje. Dêrnjonken is der ek in ynformaasjemerk dêr’t dielnimmers inoar moetsje kinne en dêr’t se ynspiraasje opdwaan kinne by de diskes. Mear ynformaasje is te finen op https://www.ggzfriesland.nl/wspd/

Ferskillende sprekkers diele harren kennis fan selsmoardprevinsje út ferskillende ynfalshoeken wei. Sprekkers binne ûnder oaren Paul Blokhuis, steatssekretaris Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, Jan Mokkenstorm, psychiater en direkteur bij 113 Zelfmoordpreventie, Ton Dhondt, psychiater en lid Ried fan Bestjoer GGZ Fryslân en Margreet de Graaf, direkteur Feilichheidsregio Fryslân (GGD).

En ek… in hiel soad gatekeepers
Dy dei wurde ek gatekeeperstreningen jûn op ferskillende lokaasjes. Dy binne benammen geskikt foar mentoaren, thússoarchmeiwurkers, plysjelju en húsdokters dy’t treend wurde wolle. Minsken dy’t witte wolle wat sinjalen binne fan selsmoardoanstriid, hoe’t se dy ûnderkenne kinne en hoe’t se it petear oangean kinne, kinne foar mear ynformaasje telâne op http://www.ggzfriesland.nl/wspd/gatekeeperstraining.

july 16, 2018 12:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.