Kolleezjejild foar earste stúdzjejier troch de helte

july 11, 2018 10:59

Alle nije studinten oan universiteiten en hegeskoallen betelje tenei de helte minder kolleezjejild foar harren earste stúdzjejier. De Earste Keamer hat ynstimd mei in wetsfoarstel dêroer fan minister Van Engelshoven fan Underwiis.

De RUG yn Grins (foto: Wikimedia Commons/Fruggo – lisinsje CC BY 1.0)

De koarting jildt allinnich foar minsken dy’t noch net earder studearre ha. Hja betelje fan kolleezjejier 2018-2019 ôf gjin 2060 euro, mar 1030 euro. By learareopliedings giet it kolleezjejild foar de earste twa jier troch de helte. It kabinet wol mei de maatregel finansjele drompels weinimme foar oankommende studinten. It Lanlik Studintefakbûn (LSVb) is kritysk oer de oannommen wet. Neffens it bûn it it in drip wetter op in gleone stien, om’t de rinte op stúdzjelienings ferhege wurdt. Dat hegere taryf kostet studinten mei in liening fan 15.000 euro oer de hiele rintiid neffens rûzing op syn minst 1300 euro.

Earder sette de Steatsrie al fraachtekens by de effektiviteit fan de maatregel. It finansjele foardiel foar studinten is te beheind om dreech te berikken doelgroepen oan it studearjen te krijen, advisearre de RvS yn maart. De koarting falt neffens de Steatsrie yn it neat by de 58.500 euro dy’t útwenjende studinten yn trochsneed kwyt binne oan in oplieding oan in universiteit of hegeskoalle.

july 11, 2018 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.