Kolleezje Waadhoeke yn petear mei ynwenners oer ynrjochting gemeentepark

july 10, 2018 09:02

Tiisdeitejûn 17 july organisearret de gemeente Waadhoeke in jûnspetear oer de ynrjochting fan de bûtenrûmte fan it gemeentehûs. Oanlieding dêrfoar wiene de soargen dy’t earder troch ynwenners en riedsleden útere waarden oer benammen it foarnommen kappen fan beammen. Op de gearkomste wol it kolleezje fan de oanwêzigen hearre wêr’t no eins de beswieren lizze by it útstelde ynrjochtingsplan. Belangstellenden binne tige wolkom.

Tongersdeitejûn 5 july is de gemeenteried akkoart gien mei it prosesútstel oer de ynspraak oer de ynrjochting fan de bûtenromte fan it gemeentehûs. Earste stap yn it proses is it jûnspetear foar de simmerfakânsje.

Wurkgroep
Dêrnei wol de gemeente in wurkgroep gearstalle dêr’t omwenners en oare ynwenners fan Frjentsjer en Waadhoeke yn fertsjintwurdige binne. Nei de simmerfakânsje sil dy wurkgroep oan ’e slach mei de opbringst fan it jûnspetear fan 17 july. It is de bedoeling dat dy mei in nij ûntwerp komt foar de ynrjochting fan it ‘gemeentepark’ oan de westkant fan it gemeentehûs.

Weromkeppeling nei ynwenners en riedsleden
Nei’t de wurkgroep mei in nij (of oanpast) ûntwerp kommen is, wurdt der in gearkomste belein om it plan te presintearjen oan de omwenners, riedsleden en oare ynteressearren. Nei oanlieding fan de reaksjes op dy gearkomste kin it ûntwerp eventueel noch oanpast wurde. It úteinlike ûntwerp fan de (westlike) bûtenrûmte fan it gemeentehûs wurdt dêrnei oan de gemeenteried foarlein om goedkard te wurden.

july 10, 2018 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.