Katalaansk ek offisjeel hieltyd mear ûnder druk

july 3, 2018 10:01

De Spaanske oerheid hat yn 2017 93 wetten en regelings oannommen dy’t it Spaansk as iennichste taal foarskriuwe yn beskate situaasjes, ek yn Kataloanië. Sa is ferline jier by wet fêstlein dat ôfstudearskripsjes op universiteiten yn it Spaansk skreaun wurde moatte en dat oktroaien allinnich yn it Spaansk deponearre wurde kinne en dat meiwurkers yn ‘e soarch Spaansk prate moatte. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Katalaanske taalorganisaasje Plataforma per la Llengua.

Wetten dy’t de regionale talen stypje moasten, binne krekt wer ûnjildich ferklearre. In Katalaanske wet dy’t foarskreau dat meiwurkers yn ‘e soarch twatalich wêze moatte, is troch de Spaanske rjochter ûnjildich ferklearre, lykas in regeling yn Falensia om it Katalaansk in grutter plak yn it ûnderwiis te jaan.

Yn eardere jierren hat de Spaanske oerheid ek al tige syn bêst dien om it lân sa Spaansktalich te meitsjen as mar mooglik wie. Plataforma per la Llengua hat in list makke fan hast trijehûndert maatregels dy’t yn de perioade 2014-2017 nommen binne om it plak fan it Spaansk op kosten fan dat fan oare autochtoane talen te fergrutsjen.

july 3, 2018 10:01
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. mbc84 july 3, 14:09

    Dêrom hawwe de Katalanen ferlet fan in eigen steat. Hja wolle it Katalaansk hoedzje, fuortsterkje en bewarje foar de takomst. De Spanjerds wolle dat dúdlik net, dy wolle Spaansk-Spaansk-Spaansk. By boppensteande kinne ‘Katalanen’ ienfâldich ferfongen wurde troch ‘Friezen’, en ‘Spanjerds’ troch ‘Nederlanners’…

  2. Drewes july 3, 20:54

    Jo kinne Katalanen ferfange troch Friezen, mar lit dat ”ferlet fan”, ”wolle” en ”hoedzje, fuortsterkje en bewarje” mar wei.

  3. Rudmer july 4, 22:02

    Bern yn Katalonië krijen harren ûnderwiis folslein yn it Katalaansk, de oerheid docht al har kommunikaasje yn it Katalaansk. En dit is mei tastemming fan it Spaanke regeer. Jim artikel is basearre op losse flodders. Ferdjipje jim mear! Ik wenje yn Barcelona en bin aardich op ‘e hichte.

  4. Redaksje july 4, 22:59

    De beide dingen dy’t jo neame, Rudmer, binne ús bekend, mar dy komme yn it artikel net foar. Dat nimt net wei dat de grutste Katalaanske taalbewegingsorganisaasje konstatearre hat dat de Spaanske oerheid op allegear mêden druk útoefenet om it Spaansk yn it plak te krijen fan oare talen, lykas it Katalaansk.

  5. Cor Jousma july 5, 19:50

    Bêste fries om utens, bêste Rudmer,

    Aardich dat’sto ús skerp hâldst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.