Johnson & Johnson moat 4 miljard euro skeafergoeding betelje
Resint ferskynd
In sjuery yn St. Louis yn de Feriene Steaten hat farmasy- en kosmetikakonsern Johnson & Johnson feroardiele ta in rekôrskeafergoeding fan hast 4,7 miljard dollar, sa’n fjouwer miljard euro. De sjuery die útspraak yn in saak dy’t oanspand wie troch 22 froulju, dy’t sizze dat se aaistokkanker krigen ha fan talkpoeier fan it bedriuw. Dat soe asbest befetsje.
Johnson & Johnson sit tangele yn sa’n 9000 rjochtsaken oer it talkpoeier. It konsern hâldt fol dat syn produkten gjin kanker feroarsaakje en dat der gjin asbest yn sit. It ûnbidige bedrach dat de sjuery no fêststeld hat, falt yn twa parten útinoar: 470 miljoen euro is bedoeld as skeafergoeding, goed 3,5 miljard euro is in boete. Johnson & Johnson giet yn berop tsjin de útspraak en neamt it proses “fûneminteel ûnearlik”.
De froulju dy’t de saak oanspand hiene, sizze dat se kanker krigen ha troch tsientallen jierren poppepoeier en oare produkten mei talk te brûken. Neffens harren wist it konsern al sûnt de jierren santich dat produkten asbest befetsje, mar hat it konsuminten dêr nea foar warskôge. Ferline jier spile in soartgelikense saak yn Kalifornië. Johnson & Johnson waard doe ta sa’n 360 miljoen euro skeafergoeding feroardiele, mar gie dêr mei súkses tsjin yn berop.
De Amerikaanske itens- en medisinedogge ûndersocht in jier of wat lyn it talkpoeier fan Johnson & Johnson en stelde doe fêst dat dêr gjin asbest yn siet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje