Jan Atze Nicolai kommisjelid foar GrienLinks

july 18, 2018 16:06

Jan Atze Nicolai beëdige troch Kommisaris Brok. Foto www.fryslan.frl

Jan Atze Nicolai út Ljouwert is hjoed troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar GrienLinks yn Provinsjale Steaten.
As kommisjelid kin Nicolai meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Hy kin ek foar syn fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

Jan Atze Nicolai (52) wie yn 2017 oant de gemeenteriedsferkiezings (ynterim)wethâlder foar PAL/GroenLinks yn de gemeente Ljouwert. Sûnt 2002 makke er dêr al diel út fan de gemeenteried, de lêste jierren as fraksjefoarsitter.

Hy is wurksum as bestjoerder by de Stichting voor Zorgeconomie en de Vereniging Basisinkomen. Nicolai komt út de soarch en wie dêr wurksum fan útfiering oant management.

 

 

 

 

july 18, 2018 16:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.