Italiaanske keunstners út de renêssânse op film

july 19, 2018 09:15

Yn augustus en septimber yn de Nederlânske bioskopen

Raphael: Lord of the Arts – premjêre op 16 augustus
De film fertelt it ferhaal fan it ûnstjerlike sjeny Raphael Sanzio, ien fan de meast talintearre keunstners op ’e wrâld en ferneamd om syn portretten fan sereen sjende Madonna’s. Net folle minsken yn de keunstskiednis hawwe in sá yntins en fassinearjend libben laat as Raphael Sanzio. Hy ferstoar al yn ’e âldens fan 37 jier, mar slagge der dochs yn om in enoarme stimpel op de keunstwrâld te drukken. Yn in prachtich útbalansearre dialooch tusken histoaryske rekonstruksjes en artistyk kommentaar wurdt de sjogger meinaam yn in tiidreis fan Raphaels libben.

Untwikkele troch de makkers fan Florence & The Uffizi Gallery yn 3D en The Vatican Museums in 3D en mei bydragen fan inkelde fan de grutste kreative talinten út de Italiaanske filmyndustry (lykas produksjedesigner Francesco Frigeri en kostúmûntwerper Maurizio Millenotti) komt de suvere skientme fan Raphaels wurk ta libben.

Besjoch de trailer fan de film.

Botticelli: Inferno – premjêre 13 septimber
Sels nei ferskate iuwen fassinearje Sandro’s Botticelli’s keunstwurken ús noch hieltyd. Alle jierren lûke syn ferneamdste skilderijen tûzenen besikers nei musea en útstallings oer de hiele wrâld. Nettsjinsteande dat leit ien fan syn mysterieuste en faaks ek signifikantste tekening al jierren opsletten yn de ferwulften fan it Fatikaan. De Kaart fan de Hel, ien fan de 102 sekuere tekeningen dy’t Botticelli wijde oan Dante’s Inferno, spilet no in haadrol yn dizze orizjinele en opwinende dokumintêre. De Kaart fan de Hel is in gids troch de njoggen nivo’s fan de hel hinne. It is in fassinearjend en tagelyk wreed keunstwurk oer sûnders en ferjilding, nachtmerjes en bestraffing. Wat ûntbleatet de tekening oer de mysterieuze en mystike kant fan Botticelli en wat seit it oer ús eigen siel?

Besjoch de trailer fan de film.

Arts in Cinema
Nei Caravaggio – the Soul and the Blood, Hitler versus Picasso And the Others, Van Gogh: Of Wheat Fields and Clouded Skies ferskynt Raphael: Lord of the Arts op 16 augustus, folge troch Botticelli: Inferno op 13 septimber yn de Nederlânske bioskopen.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.artsincinema.nl.

july 19, 2018 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.