Hegeskoalle ferbiedt fraachpetear út eangst foar Turkske reaksjes

july 10, 2018 07:15

In artikel oer in dokumintêre fan in studinte mocht dizze wike net ferskine yn ‘e studintekrante fan hegeskoalle Saxion yn Ynskedee. De redaksje wie benaud foar de reaksje fan Turken yn Nederlân. De studinte soe net feilich wêze, as it stik ferskine soe.

Studinte Shayno Numansen studearret sjoernalistyk oan Saxion. Har oerpake en oerbeppe hearden by de kristlike Assyryske minderheid yn Turkije. Krekt lykas de Armeenske minderheid is dy oan it begjin fan ‘e tweintichste ieu foar in grut part útmoarde troch it doetiidske Turkske bewâld. Nasjonalistyske Turken ûntstride dat lykwols en it is yn Turkije sels ferbean om út te hâlden dat de klibermoard ea syn beslach hân hat.

De studinte woe yn it ramt fan har stúdzje in dokumintêre meitsje oer har famyljeskiednis. Dêrfoar teach hja nei Turkije. Saxion woe dat ynearsten al net lije en de studinte moast earst in ferdrach ûnderskriuwe dêr’t hja yn ferklearre dat se Saxion net oanspraaklik stelle soe, mocht har wat oerkomme.

Yn Turkije fûn Shayno fiere famyljeleden. Fan harren hearde hja ferskriklike ferhalen oer de moardpartijen, dy’t in grut part fan ‘e famylje it libben koste hawwe. De dosinten wiene optein oer it wurk en fiterje har oan om in ferfolch te meitsjen.

Sax, de ynterne krante fan Saxion ynterviewde Shayno oer har dokumintêre. It fraachpetear is lykwols net publisearre. De studinte seit dat de hegeskoalle publikaasje opkeard hat, út eangst foar “dreiging uit de Turkse gemeenschap in Twente en de partij DENK.” Hja ferwiist nei de direksje. Dy ferwiist sels nei de redaksje fan Sax.

De studinte is sels net benaud foar de Turken. Hja seit: “Er zijn wel mensen die fel kunnen reageren, maar er zijn ook mensen die wel fatsoenlijk in gesprek willen gaan.”

De Twintske krante Tubantia hat it fraachpetear yn ‘e hannen krige en publisearre. It is hjir te finen: link. Twadde Keamerleden hawwe it regear frege om Saxion oan te sprekken op syn ferantwurdlikheid fan de frijheid fan mieningsutering. CDA-keamerlid Pieter Omzigt spuide in bestjoerslid fan Saxion foar de radio op it festje. It petear is hjir te beharkjen: link.

july 10, 2018 07:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob july 10, 11:05

    Tsja, moast wol wat oer hawwe foar kulturele ferryking. Yn myn stêd is it net oars. Dêr ynteressearret de Turkse mienskip him net foar Nederlanske ferkiezings, mar as in Turkske diktator oan de macht bliuwe kin ride se toeterjend met Turkse flaggen troch’e strjitten en blokkearje se it ferkear oerelang. En de plysje stie mar te sjen. Gjin wûnder dat dy studinte eangstich is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.