Harsenstifting siket kollektanten

july 8, 2018 08:23

De regiofertsjintwurdigers fan de Hersenstichting

It ôfrûne jier hat de Hersenstichting wer in flinke stimulâns jaan kinnen oan ferskate nije projekten. Tink oan ûndersyk nei de sykte fan Parkinson, migrêne, klusterpineholle, epilepsy en schizofreny. Mar de stifting docht noch safolle mear, der rinne no noch ûndersiken nei bygelyks demintens, beroerte en depresje. Tanksij alle minsken dy’t de stifting finansjeel stypje mei donaasjes, skinkings, jeften út eigen aksjes en kollektanten kin it moaie en wichtige wurk fuortset wurde.

Rinne, prate, tinke, it liket sa fanselssprekkend. Oant it net mear fanselssprekkend is. Dan brekt ynienen in oar haadstik yn jins libben oan. Mar leafst ien op de fjouwer minsken hat in harsenoandwaning, lykas Parkinson, demintens en depresje. It set jins libben op ’e kop. Oerprikeling, problemen mei it ûnthâld, (ekstreme) wurgens, of je kenne je dierbere net mear werom troch in feroaring yn syn of har hâlden en dragen. It kinne allegear bliuwende gefolgen wêze nei bygelyks in beroerte, ûngelok of soerstofgebrek by in hertstilstân of soms sels nei in harsenskodding.

Dat wurdt ek wol net-oanberne harsenletsel (NAH) neamd. Gearkomsten, itentsjes, jierdeis… It binne regelrjochte útdagings foar minsken mei harsenletsel. Gaos yn ’e holle troch alle prikels. Wurkje? Dat is net mear fanselssprekkend… en lis jins kollega’s mar ris út wat der yn ’e holle bart. Faak kostet alles mear enerzjy as earder. “Mei de holle yn in rolstoel”, lykas in ûnderfiningsdeskudige it moai ferwurde. Allinnich is der net ien op ’e dyk dy’t jins ûnsichtbere rolstoel sjocht.

Mear ûndersyk is nedich. Allinnich dêrmei komme oplossings tichterby. It is de iennige wei om mear minsken mei in harsenoandwaning te behanneljen en úteinlik genêze te kinnen. Dêrom docht de Harsenstifting ek in berop op jo: help de stifting by de jierlikse kollekte en kollektearje yn febrewaris in oerke yn jo eigen buert.

De regiofertsjintwurdigers fan de Harsenstifting hawwe no efkes simmerfakânsje, mar dêrnei stean sy mei frisse moed wer klear om de kollekte yn febrewaris 2019 wer ta in súkses te meitsjen. Jo kinne harren helpe troch jo oan te melden as kollektant of kollekte-organisator. Dat kin hiel ienfâldich fia de webside fan de Harsenstifting of stjoer in mail mei jo namme en adresgegevens nei collecte@hersenstichting.nl. Yn kantoaroeren kinne jo ek skilje mei 070 – 3604816.

www.hersenstichting.nl

july 8, 2018 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.