Grutste fûgeltille fan Nederlân wurdt iepene oan Doniawei Hallum

july 10, 2018 13:48

As ôfsluting fan it ‘projekt Doniawei’ wurdt kommende woansdei 11 july 2018 om 14:00 oere, de grutste fûgeltille fan Nederlân iepene oan de Doniawei yn Hallum. Dat sil dien wurde troch deputearre fan de Provinsje Fryslân, Sietske Poepjes mei wethâlder Jaap Hijma fan de gemeente Ferwerderadiel.

Fûgeltille as markearring
Oan de Doniawei yn Hallum binne yn totaal 17 wenten sloopt om romte te meitsjen foar it lokale bedriuwslibben. Yn in tal wenten waarden nêsten fan húsmosken, sweltsjes en flearmûzen oantroffen. Dêr wie ek it ûnderkommen fan ien fan de grutste flearmûzesoarten dy’t yn Nederlân tahâlde: de letfleaner. Om de fûgels ferfangende ‘wenromte’ biede te kinnen waard in grutte fûgeltille betocht troch Miecon BV út Nijmegen. Dy is goed sân fjouwerkante meter en stiet op peallen, fjouwer meter boppe de grûn.

De gemeente betelle yn totaal 1 miljoen, ûndernimmers droegen € 750.000 by en de Provinsje hat in subsydzje fan 3,5 miljoen euro bydroegen.

july 10, 2018 13:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.