Grûnferset De Boer Burgum is maatskiplik ferantwurde ûndernimmer

july 23, 2018 18:51

Foto gemeente Tytsjerksteradiel: Utrikking Finjet foar Maatskiplik Ferantwurd Undernimmen. F.l.n.r. Learmaster Jan de Roos, wethâlder Gelbrig Hoekstra-Mozes en Heinze de Boer.

Grûnfersetbedriuw De Boer Burgum is ferline wike freed troch Wethâlder Gelbrig Hoekstra-Mozes ferrast mei it finjet foar Maatskiplik Ferantwurde Undernimmen. Wethâlder Hoekstra: “Dit bedriuw set him op in soad manieren yn om minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk wer útsicht op in baan te jaan. De ûndernimmer en syn personiel binne dêr in foarbyld mei foar oare bedriuwen yn ús gemeente.”

De gemeente priizget de ûndernimmer en syn meiwurkers foar harren kollegialiteit en bedriuwsfiering. Troch learmaster Jan de Roos oan te stellen is de begelieding fan meiwurkers dy’t wer ynstreame yn it arbeidsproses goed ferankere. Dêrneist hat De Boer koartlyn in oanpaste Shovel kocht, sadat de kollega mei in fysike beheining ek folop meidraaie kin yn it bedriuw. Heinze de Boer is bliid mei de ekstra wardearring fan de gemeente, mar fynt it eins gewoan dat elkenien in folweardich wurkplak hat yn de mienskip. It giet De Boer yn earsten om de maatskiplike mearwearde.

Wurkjouwers dy’t minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk kânsen jouwe om mei te draaien yn de maatskippij, kinne yn ’e beneaming komme foar in MVO-finjet. De gemeente wol bedriuwen dy’t har dêrfoar ynspanne op dy wize erkenning jaan foar harren bydrage en harren werkenber meitsje.

july 23, 2018 18:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.