Gjin nije gasoanslutings wenhuzen sûnt 1 july 2018

july 10, 2018 08:13

Mei yngong fan 1 july 2018 is de Wet Fuortgong Enerzjytransysje (VET) yn wurking gien. De wet hâldt yn dat gemeenten sûnt dy datum gjin fergunning mear ôfjouwe foar oansluting op it gasnet foar nijbou. De VET regelet de oergong fan fossile nei duorsume enerzjy. De wet befettet dêrneist in regeling mei ekstra romte foar eksperiminten mei duorsume enerzjy.

Foto: pixabay.com

Ierdgasleaze nijbou is ien fan de earste stappen om oan de enerzjy-opjefte fan it Klimaatakkoart fan Parys te foldwaan. De enerzjyfoarsjenning sil de kommende desennia yngripend feroarje. It gebrûk fan fossile enerzjy moat omleech nei tichtby nul yn it jier 2050. Elektrisiteit wurdt dan duorsum wûn, gebouwen moatte foaral ferwaarme wurde troch ierdwaarmte en elektrisiteit, bedriuwen hawwe harren produksjeprosessen oanpast en der wurdt net mear op ierdgas sean.

Wethâlder Erik Faber fan Súdwest-Fryslân: “De gemeente riedt plannen ta hoe’t de oergong nei gasleaze wiken yn ’e kommende jierren foarmjûn wurde moat. Dêrby spylje de kommunikaasje mei de ynwenners en de gearwurking mei oare maatskiplike partijen lykas wenningboukorporaasjes in wichtige rol.”

july 10, 2018 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.