Gemeente Súdwest-Fryslân ûndersiket wenferlet

july 22, 2018 09:25 Fernijd

Súdwest-Fryslân lit de kommende moannen ûndersykje oft de wentefoarrie yn ’e gemeente oanslút op it hjoeddeisk wenferlet en de feroarjende fraach yn ’e takomst, troch bygelyks fergrizing en krimp.

“Troch mear ynsjoch te krijen yn it wenferlet fan ús ynwenners kinne wy fraach en oanbod better opinoar ôfstimme”, seit wethâlder Stella van Gent. “Sa wol ik bygelyks witte oft der yn ’e takomst genôch sosjale hierwenten beskikber binne yn ’e gemeente no’t in pear wentekorporaasjes oanjûn ha har út de doarpen weromlûke te wollen.”

Nei in tal minne jierren, dêr’t amper yn boud waard en der gjin kavels ferkocht waarden, sit de wentebou wer yn ’e lift. “Ferline jier stige de ferkeap fan kavels sels eksplosyf, nei 195 oer hiel 2017”, sketst Van Gent. De bousektor sjocht wer folop kânsen, wêrtroch’t it tal oanfragen foar wentebouplannen tanimt, ek yn Súdwest-Fryslân. “It is moai om te sjen dat ús gemeente populêr is by oannimmers, bouwers, ûntwikkelders én keapers”, seit Van Gent. Mar de medalje hat ek in kearside, seit se.

“Der binne bouplannen foar mear wenten as wy de kommende jierren, oant 2026, fan de provinsje bouwe meie. Dêrom moatte wy dêrút kieze en prioriteiten stelle. Hokker type wenten binne der echt nedich? Yn hokker priisklasse? Hoe is de ferhâlding tusken hier en keap? En wêr, yn hokker stêden en doarpen, moat boud wurde? Om antwurden te krijen op dy fragen dogge wy it wenûndersyk. Wy sjogge net allinnich nei no oer oer fiif jier, mar fierder foarút, oant fier nei 2026.”

It ûndersyk wurdt de kommende moannen útfierd troch in ûnôfhinklik ekstern buro. De resultaten wurde foar de ein fan it jier ferwachte, en oan de gemeenterie presintearre.

july 22, 2018 09:25 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.