Gedicht: Bjinse de Bok

july 7, 2018 10:00
It ûndersteande gedicht krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen. Mear gedichten en ferhalen binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Bjinse de Bok

Foto: pixabay.com

Op skoalle wie Bjinse net goed yn optellen,
mar nammerste better yn opstellen.
Skriuwen wie syn grutste leafhawwerij,
hy skreau foar de fûst wei.

Ferhalen oer wat er meimakke,
bygelyks dat hy troch it iis sakke.
Ek skreau er oer minsken en bisten,
soms sûnder dat se dat sels wisten.

Ynterviewe is er letter ek mei begûn,
om’t er dat sa’n moaie skriuwersfoarm fûn.
As earste ûnderfrege er in kalkoen,
fierder allerhanne bisten, mar dat hie er al gau besjoen.

Har ferhalen wienen net sa spektakulêr,
dat dêrmei waard Bjinse net populêr.
Op syn fraach “Wat moat ik dan”?
oppere syn frou de namme fan bolle Herman.

Bjinse fûn dat in briljant idee,
en Herman wie foar in ynterview samar ree.
Skiep Dolly wie dêrnei oan bar,
o, wat hat er lake mei har.

Bjinse waard ferneamd yn lân en stêd,
en hat no syn eigen bokkeblêd.

Folkje Koster

july 7, 2018 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.