Gebou busstasjon Dokkum enerzjyneutraal

july 5, 2018 17:18

foto: fan de Provinsje Fryslân

It gebou fan it busstasjon fan Dokkum is wer by de tiid. Mear as dat sels. It gebou is modernisearre én duorsum makke. Dokkum hat dêrmei it earste enerzjyneutrale busstasjonsgebou fan Fryslân. Deputearre Johannes Kramer en Jitze Hannema fan Arriva iepenen tongersdei 5 july, it stasjonsgebou op ’e nij, sadat de sjauffeurs fan Arriva der wer gebrûk fan meitsje kinne.

It modernisearjen en ferduorsumjen fan it stasjonsgebou wie nedich. Bussjauffeurs koene earder harren oerebriefke maklik troch de naden tusken de kezinen en it rút ynleverje. Yn it stasjonsgebou wurdt no tûk gebrûk makke fan de nije foarsjenningen by de enerzjywinning en it besparjen fan enrzjy. Der wurdt no net mear enerzjy wûn as der ferbrûkt wurdt. De 135 sinnepanielen soargje derfoar dat de nije elektryske waarmtepomp it gebou enerzjyneutraal ferwaarmet. In gasoansluting is dêrtroch net mear nedich. Fierder binne de flierren en gevels isolearre, is der trijedûbeld glês ynset en wurdt it gebou mei LED-lampen ferljochte. Alle wurk is de lêste moannen troch lokale ûndernimmers útfierd. In part fan it gebou is noch beskikber foar in lytsskalige ûndernimming, mei in mooglike wachtromte foar reizgers. It duorsume provinsjaal busstasjonsgebou draacht by oan de organisaasjedoelstelling om yn 2025 enerzjyneutraal te wêzen en yn syn eigen enerzjy te foarsjen.

Duorsum ferfier
De provinsje Fryslân en ferfierder Arriva wurkje gear om ek it iepenbier ferfier duorsum te meitsjen. Sa ride der bygelyks al elektryske bussen op de Waadeilannen en fan takomme jier ôf ek yn Ljouwert en tusken Ljouwert en Holwert. It is de bedoeling dat yn 2025 de útstjit fan alle iepenbier ferfier hûndert persint skjin is. De Alvewegetocht, dy’t noch oant 14 july ta geande is, is dêr in moai foarpriuwke fan. Doel is om elkenien twa wike lang fossylfrij reizgje te litten. Alle bussen fan Arriva ride dy wiken op blauwe disel, in duorsume fossylfrije ferzje fan disel.

july 5, 2018 17:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.