Fryskpratende Switser begjint psychoterapypraktyk yn Fryslân
Resint ferskynd
Freed 27 july iepenet psychoterapypraktyk Doe-Psy syn doarren op de Westersingel 4 yn Ljouwert. Doe-Psy stiet foar ‘minder prate, mear dwaan’ en biedt syn kliïnten kognitive gedrachsterapy en EMDR foar eangst-, trauma- en twangsteurings oan.
Eigener Rob Faltin hat dêr jierrenlang ûnderfing mei. Hy is skriuwer fan Plankenkoorts (Hogrefe) en Laat ze maar denken (Boom) en jout lêzingen op kongressen en lessen oan psychiaters en sûnenssoarchpsychologen yn oplieding. Skaaimerken foar de wurkwize fan Doe-Psy is it oefenjen mei wat kliïnten aaklik fine. Sa giet Faltin bygelyks wol gauris mei syn kliïnten op stap nei drokke plakken, hege gebouwen of liften.
De fiertaal? Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk of Frysk! De psychoterapeut komt oarspronklik út Switserlân, wennet sûnt 1989 yn Amsterdam en is fan plan om nei Fryslân te ferhúzjen. Dêr is er gjin frjemde mear: earder krige er ûnder syn artystenamme Rob du Jardin de publykspriis fan it Frysk sjongfestival Liet. Kliïnten kinne har oanmelde fia https://www.doe-psy.nl/ of 06-13 65 31 00 mei in ferwizing fan de húsdokter foar spesjalistyske GGZ.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje