Frysk pompbedriuw en Elon Musk sille help biede by Taiske grot

july 7, 2018 09:26

It Fryske pompbedriuw Van Heck sil mooglik helpe by de rêdingsaksje fan de tolve jonge fuotballers en harren trener dy’t al hast twa wike yn it Taiske grot fêstsitte. Direkteur fan it bedriuw, Jeroen van Heck, is ûnderweis nei Tailân om in rûzing te meitsjen.

Foto: pixabay.com

It bedriuw út Noardwâlde is spesjalisearre yn pompynstallaasjes en wetterbehearsking. “Taiske yngenieurs by de grot tinke nei it sjen fan ús pompen dat ús help essinsjeel wêze kin”, seit Van Heck. “It doel is om sa gau mooglik it wetter fuort te pompen, hoe’t wy dat dwaan sille is noch net te sizzen.”

Van Heck, dy’t kontakt hat mei sawol Nederlânske as Taiske autoriteiten, sil op it plak sels in analyze meitsje. Dêr wurdt besjoen wêr’t de pompen stean kinne en hoe’t it wetter ôffierd wurde kin. As út de analyze bliken docht dat it bedriuw help biede kin, wurde de pompen nei Tailân flein. Hoe gefaarlik oft it yn de grot is, blykt wol út de dea fan in dûker dy’t dwaande wie mei de rêdingsmisje. Hy ferstoar freed nei in soerstoftekoart yn ’e grot. “Nettsjinsteande dat sille wy trochgean oant wy ús misje folbrocht hawwe”, sei de baas fan de marine-ienheid by in parsekonferinsje. “Hy mei net foar neat omkaam wêze.”

Elon Musk biedt ek help oan
Elon Musk, de topman fan autobedriuw Tesla, komt de rêdingswurkers ek te help. Sneon reizgje in tal fan syn yngenieurs ôf nei Tailân, skriuwt de Amerikaanske miljardêr op Twitter. De wurknimmers komme fan twa fan Musks bedriuwen: SpaceX, dat romtefearttechnyk makket, en The Boring Company foar tunnelboutechnyk. Yn oerlis mei de Taiske oerheid sil sjoen wurde op hokker manier oft de bedriuwen helpe kinne.

Opblaasbere slang
Musk spekulearret op Twitter oer mooglike manieren om it fuotbaltiim út de foar in part ûnderstrûpte grot te krijen. It graven fan in tunnel heart ta de mooglikheden, want The Boring Company is “tige goed yn it graven fan tunnels”, skreau Musk freed. Om it wetter út de gongen fan de grot wei te krijen  biedt Musk draachbere pompen en batterijen oan. En hy stelde foar om in opblaasbere slang yn it grottestelsel te lizzen en dêr lucht yn te blazen. De fuotballers moatte dan troch de slang nei bûten ta rinne kinne sûnder lêst te hawwen fan it wetter yn ’e grotten. As de slang ien kear oanbrocht is, kostet it de fuotballers faaks mar fjirtich minuten om nei bûten ta te rinnen, sei Musk.

july 7, 2018 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.