Frysk belied in poppesûger?

july 10, 2018 13:44

foto: webside “Menaam – ús doarp”

It is moade dat gemeenten in nota Frysk belied útbringe. De triennen springe jin omtrint yn de eagen om te lêzen hoe goed oft se it foar hawwe mei it Frysk en de Fryske kultuer. Mar as men nei de praktyk sjocht kin men allinnich mar skrieme, want dan bliuwt der net folle oer fan alle moaie beliedsfoarnimmens. Dêr binne de plaknambuorden in goed foarbyld fan.

Yn de LC fan 22 juny kinne we lêze hoe twaslachtich oft Ljouwert dêrmei omgiet. Earst wurdt besletten dat yn de doarpen fan de anneksearre gemeenten Boarnsterhim, Ljouwerteradiel en Littenseradiel, dy’t earder Frysktalige gemeentenammen hiene, de Fryske namme Ljouwert as ûnderskrift op de buorden komt te stean, letter wurdt dat like gau werroppen. Dat is, sa’t Cor Jousma terjochte skriuwt,  yn striid mei it Europeeske Lykberjochtigingsprinsipe, dat ynhâldt dat it gebrûksnivo fan in minderheidstaal nei anneksaasje net efterút gean mei.

In oar foarbyld is de fúzjegemeemte Waadhoeke. Op de plaknammebuorden fan guon doarpen fan de eardere gemeente Menameradiel stiet soms de Hollânske namme boppe-oan, soms de Fryske. Yn Berltsum is ’t sa slim dat op it iene boerd Berltsum boppe-oan stiet, op it oare Berlikum. Yn Menaam stiet boppe-oan Menaldum, dêrûnder Menaam. Dat wylst de gemeenteried fan Menameradiel earder al keazen hat foar ientalich Fryske plaknammen.

No sil guon wol sizze, binne der gjin wichtiger ûnderwerpen as plaknammebuorden? Wis wol, mar plaknammen hawwe in wichtige symboalfunksje, se toane oan wat de status fan in minderheidstaal is. Ik bin bang dat allinnich nammen dy’t boppe-oan stean yn it offisjele BGA-register opnommen wurde. De Fryske nammen ha dan gjin inkelde juridyske status en kinne samar wer ferdwine.

It is oan te rieden dat de gemeenterieden yn oerienstimming mei it lykberjochtigingsprinsipe kieze foar ferfrysking fan de doarpsnammen en de plaknammebuorden. Dat de FNP yn Waadhoeke no yn it kolleezje sit, jout goede hoop op ferbettering.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

july 10, 2018 13:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. wirbel010 july 11, 10:41

    Dit is in grut skandaal! Der is al lang ferlyn keazen foar de Fryske plaknammen en no binne der wat domme amtners dy’t de ferkearde buorden bestelt hawwe! Dit moat direkst oanpakt wurde! Dan mar ôfplakke troch gewoane boargers at de polityk net heare wol!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.