Frijwilligers hite 100.000 besikers wolkom yn Obe

july 28, 2018 14:27

Barbara van Rijn Bluet Foto

In team fan 29 frijwilligers hat fan ein jannewaris ôf mear as 100.000 besikers ferwolkomme yn Obe. Obe is as besikerssintrum de tagongspoarte fan Lân fan taal. De gastfroulju en -manlju fan Obe stean sân dagen yn ’e wike klear om elkenien wolkom te hiten. Om dat te fieren waarden de frijwilligers en gasten fan Obe traktearre op in iisko.

De gastfroulju en -manlju jouwe net allinnich ynformaasje oer de keunstynstallaasjes yn Obe en de projekten fan Lân fan taal. De toeristen en gasten kinne ek ynformaasje krije oer de stêd Ljouwert en it programma fan LF2018. Neist besikers út Nederlân, België en Dútslân, binne der ek minsken út bygelyks Tadzjikistan, Ecuador, Vietnam, Súd-Afrika en Australië.

Team
In tal frijwilligers ferfollet de rol fan gastfrou of -hear om wurkûnderfining op te dwaan. Elizabeth Bergsma: “Elke dei is oars yn Obe. Je witte nea hoe’t de dei ferrinne sil en wa’t der delkomme. Ik fyn it noflik om minsken har wolkom fiele te litten en omtinken te jaan. Besikers diele graach ferhalen oer har eigen taal en lân.” Frijwilliger Harry van der Veen is nei in perioade sûnder wurk oan de slach by Obe: “Wy wurkje mei in grutte ploech frijwilligers. Dat makket it wurkjen yn Obe sa aardich. Dêrneist haw ik in soad kontakt mei minsken dy’t hjir komme. Alle besikers hawwe in eigen ferhaal. Se binne tige entûsjast oer de projekten fan Lân fan taal. Ik bin bliid dat ik diel útmeitsje fan dit unike projekt.”

Premjêre
Ek yn de simmer organisearret Lân fan taal ferskate aktiviteiten. Freed 27 july gie de tredde Lân fan taal-projeksje op de Aldehou yn premjêre. It is de poëtysk koarte film “One of Us”. De projeksje is makke troch sjongster/dichter Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma.

Simmerprogramma
De taalkaravaan is dizze simmer fan 3 oant 6 augustus bij de Tall Ship Races yn Harns. Op 8 en 9 septimber is de taalkaravaan yn Dokkum by de Admiraliteitsdagen.

Om Obe hinne binne dizze simmer alle dagen aktiviteiten yn Talepaviljoen MeM (Prinsetún), Tresoar en de taletún fan de Fryske Akademy. In folslein oersicht fan alle aktiviteiten is te finen op de webside fan Lân fan taal: www.lanfantaal.nl

july 28, 2018 14:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.