Frâns Kuipers: wynmûnen binne net nedich…

july 14, 2018 20:00

Kollum

It moat earst op it mâlst ear’t it betteret. Sa’n útspraak heart men wolris as der immen mei in grutte ferbouwing fan syn hûs oan ’e gong is. It tiidlang liket it ien grutte binde, mar as alles klear is, dan sjocht men jins eagen út, hoe moai oft it wurden is. In protte minsken sille dat byld wol weromkenne.

Sa liket it ek te gean mei de upgrading fan ús prachtige provinsje Fryslân. Hast oeral wiene wegebouwers oan ’e gong mei it oanlizzen fan nije útwrydske wegen. Noch altyd binne se oan ’e gong mei it ferbetterjen fan besteande wegen. Grutte giele buorden jouwe oanwizingen, wêr’t men tydlik lâns moat. It jout efkes in bytsje oerlêst, mar as it ienris dien is, hawwe wy der allinne mar profyt fan. It moat earst op it mâlst ear’t it betteret.

Sa is Fryslân no bygelyks klear om grutte oantallen hiel grutte wynmûnen te bouwen. 89 almachtich hege wynmûnen komme yn de Iselmar by Breesân en yn it sicht fan Makkum. It útsicht feroaret foar altyd. De iene fynt it prachtich, de oare fynt it ferskriklik. De iene fynt dat wy alles dwaan moatte om skjinne enerzjy te winnen en pakt sûnder erch it fleantúch nei Kanada; de oare fynt dat de moaie natuer, de rêst en de prachtige fiersichten, dêr’t Fryslân sa bekend om is en dêr’t Fryske dichters lyrysk oer skriuwe, nei gychem holpen wurdt. Dat jildt benammen foar de Kop fan de Ofslútdyk, by Hou en Hiddum. De geskiktste lokaasje foar wynmûnen, neffens de ynvestearders en bouwers. Dêr komme joekels fan wynmûnen te stean mei in fermogen fan 42 megawatt. Ein 2020 moat dat wynpark klear wêze.

Fryslân is bûn oan de doelstellingen fan it Ryk en dat is it leverjen fan 530,5 megawatt skjinne enerzjy. Dat kin realisearre wurde troch wynmûnen en troch it hjir en dêr pleatsen fan grutte oantallen sinnepanielen. Guon gemeenten fjochtsje dêr al om. Earme VVD-deputearre Klaas Kielstra. Dy sit mei hannen en fuotten fêst oan it belied fan it Ryk. Sa kinne de troch it folk – troch ús dus – keazen steateleden net folle oars dwaan as in bytsje hinne en wer skowe mei de tiphichte fan de mûnen. Se hawwe/hiene waarme kontakten mei de mienskip, krije oeral de skuld fan, mar se sitte ek fêst oan it Ryksbelied. Dat it lânskip slim oantaast wurdt, fynt in elk hiel spitich, mar it is net oars.

As suertsje by de boadskippen wurde de troffen doarpen en ynwenners paaid mei in bytsje mear profyt fan de opbringsten fan de wynmûnen. Jild makket in protte goed, sa liket it. Jild stjoert alles, dat is bekend. Moat it earst op syn mâlst ear’t it betteret? De stoarm giet wol wer lizzen.

Mar, kin it dan wier net oars? Binne wynmûnen echt wol nedich om nije skjinne enerzjy te winnen? Ut – myn eigen, net wittenskiplik – ûndersyk docht bliken dat troch it oanlizzen fan sinne-asfaltwegen binnen tweintich oant tritich jier wynmûnen net nedich binne. Wit presidint Trump soks? Stapt er mei dêrom út it Klimaatakkoart fan Parys?

Ik freegje my ôf oft ús ministers, ús regearing, ús provinsjebestjoerders, ús steateleden soks no wol of net witte. As dy hielendal gjin weet ha fan de mooglikheden fan skjinne enerzjy troch sinne-asfaltwegen, dan kinne se net oars hannelje as se no dogge. Men kin dat dom fine, mar dan is it net oars. In bekende útspraak fan doetiidsk CDA-premier Balkenende is: “Met de kennis van nu hadden we het toen anders moeten aanpakken!”

Sinne-asfaltwei yn Amearika. Foto: Solar Roadway

Mar witte politisy, ministers, amtners, deputearren, steateleden soks wol, dan kieze se bewust foar it (tydlik) delsetten fan wynmûnen. Dan kieze se bewust foar de ekonomyske foardielen lykas nije en mear wurkgelegenheid (foar bûtenlânske wurknimmers?). As se it wol witte, dan geane se dus bewust út fan it prinsipe: it moat earst op it mâlst ear’t it betteret! Dan kieze se bewust foar ekonomyske winst en foardielen, te’n koste fan it lânskip en sûnens fan ynwenners.

Earst tweintich à tritich jier grou jild fertsjinje litte troch ynvestearders en dêrnei de wynmûnen wer slope. Dat leveret dan op ’e nij wurkgelegenheid op. Ekonomy is foarútsjen en foarúttinke en der hjoed-de-dei al op antisipearje. Mar, ik bin bang dat de measte politisy hielendal neat ôfwitte fan de enerzjymooglikheden fan sinne-asfaltwegen. Oars hiene wy dêr yn kranten, yn It Nijs, foar Omrop Fryslân of NPO grif wolris wat oer heard of lêzen. (Dat jildt net foar Noard-Hollân. Deputearre Elizabeth Post is drok dwaande mei it eksperimintearjen mei sinne-asfalt).

Nee, ik tink dat politisy der neat fan ôf net witte. De measte politisy sille skodholje as se lêze oer sinne-asfaltwegen; sy sille de kranten en It Nijs oan ’e kant lizze en – se kinne net oars – gewoan trochgean mei it bouwe litten fan wynmûnen.

 

july 14, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jens july 16, 09:29

    De wynmûnen steane der net foar ivich. Wat dat oangiet soe men sizze: meitsje dy dingen sa goed as mooglik te recycljen sadat se der meidertiid mei fetsoen wer wei kinne.

    Sinne-enerzjy is der net dei en nacht, ús ferlet fan stroom (noch) wol. Foardiel fan wynenerzjy is dat it hegerop yn de loft suver altiten waait.

    Oer de sinnediken: faaks is dizze ynfo nijsgjirrich https://nl.wikipedia.org/wiki/Solaroad

  2. Bertus Jans Postma july 19, 19:29

    As ik mar net hoech te strjitskrobjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.