FNP: mear ynvestearje yn krúsjale sektoaren Fryslân

july 19, 2018 17:04

Ljouwert – De FNP is fan betinken dat it Ryk folle mear ynvestearje moat yn krúsjale sektoaren yn Fryslân lykas ekonomy, wittenskip, basisûnderwiis, media, kultuer en ynfrastruktuer. Dat seit de FNP nei it ferskinen fan it rapport ‘Geldstromen tussen het Rijk en de provincie Fryslân’, dat hjoed presintearre is troch it Coelo (Centrum voor Onderzoek van de Economie van de Lagere Overheden) fan de Ryksuniversiteit Grins. Ut it rapport kin konkludearre wurde dat yn dy sektoaren nei ferhâlding folle minder yn Fryslân ynvestearre wurdt as yn hiel Nederlân. Op grûn fan de bedraggen de ynwenner kin berekkene wurde dat der op jierbasis € 36 miljoen te min útjûn wurdt oan ekonomy, € 204 miljoen oan wittenskip, € 53 miljoen oan it basisûnderwiis, € 26 miljoen oan media, € 9 miljoen oan kultuer en € 7 miljoen oan ynfrastruktuer. As it Ryk net ree is om struktureel mear te ynvestearjen, soenen de budzjetten foar dy ferskate sektoaren desintralisearre wurde moatte nei de provinsje Fryslân, sa is de FNP fan betinken.

In gefolch fan de lege ynvestearringen troch it Ryk is dat it oantal minsken mei in útkearing (bygelyks bystân, ww en AOW) yn Fryslân relatyf heech is. Dat betsjut dat it Ryk dêr relatyf mear kosten foar makket as yn de rest fan Nederlân. Der sit dan ek in hiel grutte ûnbalâns yn de útjeften fan it Ryk yn Fryslân. Dy ûnbalâns jildt ek foar de opbringsten út gaswinning. Neffens de FNP wurdt troch it ûndersyk befêstige dat Fryslân in wingewest is as it dêrom giet. De fjilden yn Fryslân soargje foar 10,59% fan de opbringst fan Nederlân, wylst hjir 3,78% fan de befolking wennet. Dat betsjut dat der sawat € 210 miljoen skjin nei it Ryk ta giet. Ien fan de opfallendste konklúzjes dy’t men lûke kin is dat troch it Ryk amper jild útjûn wurdt oan wittenskip (oplieding én ûndersyk) yn Fryslân. Mar € 2 de ynwenner, wylst dat yn trochsneed yn Nederlân € 318 is. Dêrtroch is sprake fan in grutte braindrain. Alle jierren ferlitte neffens gegevens fan it CBS 1500 oant 2000 jonge, talintfolle minsken Fryslân. Neffens de FNP kin de fraach steld wurde wat effektiver is: ynvestearje yn útkearingen óf yn de sosjaal-ekonomyske struktuer fan Fryslân?

Yn it rapport binne de finansjele jildstreamen tusken de Ryksoerheid en de (ynwenners fan de) provinsje Fryslân útwurke. De ryksbegrutting oer 2018 is dêrby as útgongspunt nommen. It giet dan oan de iene kant om de belesting- en preemjeynkomsten fan it Ryk, oan de oare kant om de útjeften fan it Ryk yn Fryslân.

 

july 19, 2018 17:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.