Fiskmigraasjerivier Ofslútdyk yn septimber de merk op

july 15, 2018 09:48

Foto: Fiskmigraasjerivier

Nei de simmer kinne ynteressearre oannimmers ynskriuwe op ’e bou fan de Fiskmigraasjerivier troch de Ofslútdyk. Deputearre Steaten hawwe grien ljocht jûn om de oanbesteging yn septimber útein te setten. Om de jierwiksel hinne wurdt bekend hokker bedriuw it wurk útfiere sil. De bou set foar de simmer fan 2019 útein.

Deputearre Johannes Kramer: “Wy binne der klear foar. It is foar it earst yn ‘e wrâld dat sa’n systeem foar oerstekkende fisken boud wurdt. Wy sjogge al dat de merk de Fiskmigraasjerivier in nijsgjirrich projekt fynt. In ynnovative oplossing foar sâlt-swietwetteroergongen, wêrby’t wetterfeiligens en natuer lykop geane. Wichtich yn in tiid fan klimaatferoaring en seespegelstiging.”

Twa parten
De bou fan de Fiskmigraasjerivier is yn twa parten opknipt. It earste part is de iepening yn de Ofslútdyk. Yn opdracht fan De Nieuwe Afsluitdijk hat Rykswettersteat dat ûnderdiel by it fuortsterkjen fan de Ofslútdyk meinommen. It twadde part is it oanlizzen fan de slingerjende Fiskmigraasjerivier yn de Iselmar en de Waadsee. Foar dat twadde part siket de Provinsje mei yngong fan septimber in oannimmer. Yn 2022, wannear’t beide parten klear binne, is de Fiskmigraasjerivier klear foar gebrûk.

De Fiskmigraasjerivier is in iepening yn de Ofslútdyk dêr’t fisken wer 24/7 en 365 dagen yn it jier troch hinne en wer swimme kinne tusken de Waadsee en de Iselmar. Foar guon fisksoarten, lykas de iel en de salm, is it wichtich om hinne en wer te swimmen fan sâlt nei swiet wetter en oarsom. Dat dogge se om op te groeien of om harren te fermannichfâldigjen. Doel is it ferbetterjen fan de fiskstân yn de Iselmar en de Waadsee.

Gearwurkingsferbân
De provinsje Fryslân is opdrachtjouwer fan de Fiskmigraasjerivier út namme fan De Nieuwe Afsluitdijk; in gearwurkingsferbân fan de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en de gemeenten Hollands Kroon, Súdwest-Fryslân en Harns. Sy wurkje oan in nije dyk op it mêd fan duorsume enerzjy, natuer, rekreaasje en toerisme. Sjoch: www.deafsluitdijk.nl.

july 15, 2018 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*