Fisk út Westlike Sahara foar Europeanen

july 28, 2018 09:22

Nederlân yt de kommende fjouwer jier wer sardyntsjes út de wetters fan de Westlike Sahara, sa docht bliken út in nij fiskerij-akkoart dat de Europeeske Kommisje en Marokko tiisdei tekene hawwe. It set kwea bloed by ûnôfhinklikheidsbeweging Polisario. De Westlike Sahara wurdt foar it grutste part troch Marokko beset.

Foto: pixabay.com

Polisario gie tsjin it foarige fiskerij-akkoart yn berop, om’t de beweging fynt dat de Westlike Sahara rjocht hat op autonomy en dus ek beslisse wol oer sokke akkoarten. Under it âlde fiskerij-akkoart mei Marokko, út 2014, fisken 120 Europeeske boaten foar 94 persint yn de wetters fan de Westlike Sahara. De EU betelle Marokko dêr tritich miljoen euro foar. Ferline jier fisken fjouwer Nederlânske boaten by de Westlike Sahara lâns, benammen op sardyn.

It Europeesk Hof fan Justysje joech Polisario ein febrewaris gelyk en oardiele dat it fiskerij-akkoart fan doe net jildich wie foar wetters grinzjend oan de Westlike Sahara. Polisario wie bliid en in protte boaten fearen fan de Westlike Saharaanske kust werom nei Europa. Heal july rûn it âlde akkoart ôf, dus moast der opnij ûnderhannele wurde. Marokko sei dat in nij fiskerij-akkoart inkeld mooglik wie mei de wetters fan de Westlike Sahara ynbegrepen. De EU hat dêr dus oan tajûn.

Europa sil mei 128 boaten yn de wetters fiskje en betellet Marokko dêr 48 oant 44 miljoen euro foar. It eksakte bedrach hinget ôf fan it krekte oantal boaten dat dêr fiskje sil en rint jierliks op. It akkoart rint oant en mei 2022.

july 28, 2018 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.