Fierder mei Kulturele Haadstêd nei 2018

july 19, 2018 13:47

In sterker kultureel klimaat, kultuertoerisme, de Fryske taal en meartaligens, dat binne spearpunten dêr’t Fryslân yn de jierren nei 2018 op ynset. De útwurking fan dy plannen lizze de Provinsje en de gemeente Ljouwert fêst yn ‘e Agenda2028. Dy wurdt it erfskip fan it Kulturele Haadstêdjier 2018. De provinsje stelt foar it ‘oergongsjier’ 2019 twa miljoen euro beskikber foar de fierdere ûntwikkeling en útfiering fan it kultureel ûndernimmerskip en programmearring. De reservearing fan 1 miljoen euro foar ticketrisiko’s by kulturele produksjes nei 2018 bliuwt ek. 

Njonken de spearpunten lizze de aksinten op gearwurking – fan lokaal oant ynternasjonaal – en sirkulaire ekonomy De ôfrûne moannen fierden de Provinsje en Gemeente petearen oer it ynfoljen fan Agenda2028 mei in brede fertsjintwurdiging fan it fjild. De útkomsten steane yn it dokumint ‘No is de Tiid’. De kommende moannen wurdt dat dokumint fierder útwurke en ynfolle. Eltse Fries dy’t meidwaan wol, kriget de romte om ynbring te leverjen.

Fûnemint
“Mei de ynbring fan alle belutsenen, lizze wy in fêst fûnemint foar de takomst”, fynt deputearre Sietske Poepjes. “Sa kinne wy mei-inoar in sukses meitsje fan Agenda2028. In aginda dy’t foarsjocht yn in langjierrige oantreklike programmearring as ‘plus’ boppe op de besteande en reguliere kulturele aktiviteiten yn de provinsje”.

De Provinsje fiert yn ’e mande mei de Gemeente de regy op de útfiering fan Agenda2028. De útfiering bart troch in kompakte organisaasje mei partijen út it fjild. Sa wolle de oerheden partners stimulearje konkreet oan ’e slach te gean mei projekten en eigenerskip te toanen.

Provinsjale Steaten nimme yn oktober fan dit jier it definitive beslút oer it foarstel foar Aginda2028. De gemeenteried fan Ljouwert nimt fan ‘t hjerst ek in beslút oer de bydrage fan de gemeente.

Nei 2019 komt de Provinsje mei in útstel foar de mearjierrige finansjele ynset foar Agenda2028. De gemeente Ljouwert en it Ljouwerter Undernimmingsfûns (LOF) hawwe oanjûn har dêr ek foar ynsette te wollen.

july 19, 2018 13:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.