‘Fear’ foar Arriva Nederlân
Resint ferskynd
Ljouwert – Arriva hat dit jier de ‘Fear yn ’e broek’ wûn foar it omgean mei it Frysk. De priis is fan ’e middei yn Ljouwert útrikt oan Anne Hettinga, direkteur fan Arriva. De Ried fan de Fryske Beweging set Arriva dêrmei yn it sintsje. Dêr binne tal fan redenen foar: op én yn de bussen binne in protte teksten yn it Frysk. Yn de treinen wurde de nammen fan de stasjons yn Fryslân ek yn it Frysk omroppen. De meiwurkers yn bussen en treinen hawwe it Frysk goed yn ’e macht. Troch dat allegearre wurdt der yn de praktyk in soad Frysk praat (sawol troch personiel as klanten) en leit de drompel foar it brûken fan ‘e taal leech. En dat is te fernimmen. De Ried fan de Fryske Beweging wol de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben befoarderje. Dêr is Arriva in hiel goed foarbyld fan.
De Fear yn ’e Broek is in priis dy’t ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. De Fear wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal, dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Earder waard de Fear ûnder oare útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan Arno Brok, oan Aaipop, oan de Ortodontsypraktyk yn Ljouwert, oan Skilje (Fryske telefoantsjinst) en ferline jier oan bakkerij De Groot fan Stiens.
Lêste trije foto’s: redaksje ItNijs.
Mar noch altiten hear ik by de ein fan ‘e rit ‘denkt u bij het verlaten van de trein’.. Mar ek ‘het volgende station is: Ljouwert’… Fierders binne alle oantsjuttings yn it Nederlânsk of Ingelsk (o, dat koe wol?) en wurdt my moarn by it kontrolearjen fan it ferfiersbewiis ‘goedemorgen’ tawinske (de kontroleur is Frysk, mar mei gjin ‘goeiemoarn’ sizze fan de sjef).
Dizze fear is foar geveltsjefrysk, de drompel is noch altiten like heech as op frijwol alle oare mêden fan taal. In fear yn ‘e reet dus…
Dit ferhaal falt my tsjin! De foto’s binne dus moaier dan hoe’t it feitl is?