Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (26)

july 28, 2018 08:00 Fernijd

De gelikenis fan de wylde en goede weet  (anonym, Ryksmuseum). https://nl.wikipedia.org/wiki

Troch gelikenissen it keninkryk kenne

Wêrom fertel ik ferhalen yn ’e foarm fan gelikenissen, wêrom wurkje ik mei bylden? Ik bin de goede hoeder en jim binne myn skiep. In gelikenis is in ferhaal mei in doar sa’t in skiepskoai in doar hat.

Ast in goed minske bist, is dyn geast de kaai fan ’e doar en silst myn boadskip oannimme. Ast in goed minske bist, is dyn hert de kaai fan ’e doar en silst myn boadskip oannimme. Ast in goed minske bist, is dyn fertrouwen de kaai fan ’e doar en silst myn boadskip oannimme.

Oan jim is it jûn de geheimen fan ferhalen oer it keninkryk fan God te kennen, mar dat is net jûn oan wa’t net leaut. Sokken binne sjende blyn en harkjende dôf. It hert is har fet, it ferstân eigenwiis en se hawwe gjin fertrouwen yn de Hear fan ’e Leafde en de Uneinichheid. Ik wol net dat it hillige fertrape wurdt, dêrom sprek ik yn bylden. Wa’t in learling fan it keninkryk is, sjocht de sin fan alle ding yn. Hy is dêr thús as de baas fan it spul dy’t út syn húsrie âld en nij foar it ljocht hellet.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
july 28, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.