Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (24)

july 14, 2018 08:15

https://sterkenmoedig.nl

Kies de smelle dyk, bou it goede hûs

Do twivelest noch? Betink al: kinst net tagelyk twa bazen te freon hâlde. Of do kiest foar it iene en dan dochst dyn bêst om in goed minske te wêzen, of do kiest foar it oare.

Der is in smelle wei nei in krappe poarte. Dêr is frede, dêr is deugd en dêr is leafde. En der is in brede wei nei in wide poarte. Dêr wurde pearels foar de bargen smiten en dêr fertraapje hûnen it hillige. Tink derom dat dyn pearels net fertrape wurde. Lit dy net meifiere op ’e stream fan ’e wrâld dy’t brûst en siedt.

Wêrom roppe jim al ‘Ja, ja’ tsjin my mar dogge jim net wat ik sis? Wa’t docht wat ik sis, liket op ien dy’t by it bouwen fan syn hûs in djip gat dolt en in stevich fûnemint leit. Dan komt der in oerstreaming, mar it wetter kin it hûs net oan ’e kant reagje. Mar wa’t net docht wat ik sis, liket op ien dy’t sûnder fûnemint bout. It wetter reaget it hûs oan ’e kant, de muorren falle om en der bliuwt in púnfal oer.

Pas op foar wat populêr of yn ’e moade is. De beam wurdt op syn fruchten beoardiele. In goed minske set út ’e skat fan syn hert it goede op ’e wrâld en in ferkeard minske it ferkearde. En dêr’t it hert fol fan is, dêr rint de mûle fan oer.

De lampe fan ’e lea is it each. As it each suver is, sil de lea ferljochte wêze. Mar as dyn each net suver is, sil dyn lea fertsjustere wêze en yn ’e macht fan ferslaving, foaroardiel en brek oan selskennisse.

Asto God niet kenne wolst en syn wil net dwaan wolst, dan kin syn ljocht dy net berikke en dan silst gûle en toskeknarse yn ’e bûtenste tsjusterens fan dyn geast. It wurd fan God is in lampe foar dyn foet en in ljocht op dyn paad.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
july 14, 2018 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.