Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (23)

july 7, 2018 08:08 Fernijd

Ofbylding: www.kuleuven.be

Soarch en bangens

Sammelje gjin skatten op ierde dêr’t dieven ynbrekke en se weinimme en dêr’t de soarch om deade dingen en besit dyn geast ferlammet. Sammelje dyn skatten yn ’e himel. Gjin dief kin deugden weinimme noch it goede datst foar oaren dien hast en dat sy miskien ferjitte mar God net. Dêr’t dyn skat is, sil ek dyn hert wêze.

Mar bisto benaud om it materiële op te jaan? Is it libben net mear as wyntsje en tryntsje, as iten en drinken, as reizgjen en útwrydskens, as de jacht op it genietsjen dat slyt ta ferfeling en ferslaving? Bist bang om tiid of jild oan God te jaan? Dyn meiminske te helpen, te begripen?

Dyn soarch en bangens helpe dy net fierder. Flechtsje net yn falske feilichheid. Sjoch nei de blommen yn it fjild. Se wurkje net foar jild en dochs sjogge se der prachtich út. Haw fertrouwen. Sykje earst it keninkryk fan God en wês in toanbyld fan goedens binnen de grinzen fan dyn fermogens.

Meitsje dy gjin soargen foar de dei fan moarn. Dyn soargen wurde der gjin sintimeter lytser om. Wa kin troch soarch en noed syn lingte in sintimeter langer meitsje? Elke dei hat genôch oan syn eigen kwea. Smyt al dyn soarch en noed op Him. Sammelje dyn skatten yn ’e himel.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
july 7, 2018 08:08 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.