Erdogan slút skouboargen en opera

july 15, 2018 20:40

Recep Tayyip Erdogan (foto: Wikipedia)

Sûnt er moandei op ‘e nij oansteld waard as presidint fan Turkije, no mei folle mear macht as foarhinne, hat Recep Tayyip Erdogan de Turkske steatsynrjochting folslein nei syn hân set. Hy hat de bestjoerlike taken oars oer ministers en ministearjes ferparte en in soad amtners dy’t earder ûnder ministers foelen, falle no direkt ûnder syn ferantwurdlikheid.

Wichtige feroarings binne dat Erdogan no yn in protte gefallen it lêste wurd hat, as it giet om ekonomyske en kulturele saken. Allegear legere oerheden binne harren einferantwurdlikens foar it eigen budzjet en it eigen kultuerbelied kwyt. In protte skouboargen en bioskopen falle net mear ûnder it bestjoer fan lokale oerheden, mar steane no ûnder direkt tafersjoch fan de presidint. Erdogan hat de steatsopera en ferskate skouboargen ynearsten sletten. It personiel moat earst “harmonisearre wurde mei it nije presidinsjele systeem”, foar’t der wer foarstellings jûn wurde meie.

july 15, 2018 20:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.