Dútslân wol Puigdemont oan Spanje útleverje

july 12, 2018 17:59

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia/Convergència Democràtica de Catalunya: Creative Commons 2.0)

De Katalaanske presidint yn ballingskip, Carles Puigdemont, wurdt troch Dútslân oan Spanje útlevere. Dat hat in Dútske rjochter útmakke. Puigdemont is tsjin de útspraak yn berop gien.

De rjochter hat útmakke dat Spanje Puigdemont allinne ferfolgje mei foar it misbrûken fan oerheidsjild. De Spaanske oanklager beskôget it organisearjen fan it referindum oer Katalaanske ûnôfhinklikens, ferline jier oktober, as ûnwettich en it jild dat derfoar brûkt is, soe misbrûkt wêze.

Puigdemont mei yn Spanje net ferfolge wurde foar reboeljemakkerij. Dêr wurdt er yn Spanje ek fan beskuldige. It giet dêrby fannijs om it organisearjen fan it referindum. Puigdemont seit dat de útspraak fan ‘e rjochter betsjut dat de “leagen” dat it referindum reboelje wie de wrâld út holpen is.

Nei it referindum naam de Spaanske sintrale oerheid de macht yn Kataloanië oer. Puigdemont flechte nei België en waard yn maart fan dit jier yn Dútslân oppakt. Der waarden nije ferkiezings útskreaun, dy’t likernôch deselde gearstalling fan it parlemint opsmieten as earder. It parlemint woe Puigdemont wer as presidint beneame, mar om’t er net yn Kataloanië komme koe sûnder oppakt te wurden, gie dat net troch. No is Quim Torra presidint fan Kataloanië. Hy is lykas Puigdemont in fûl foarstanner fan in selsstannige Katalaanske steat. It Spaanske regear is troch in korrupsje-affêre fallen en de fûl anty-Katalaanske premier Mariano Rajoy is ferfongen troch de sosjaal-demokratyske Pedro Sanchéz, dy’t fan ‘e wike mei Torra praat hat oer de Katalaanske kwestje.

july 12, 2018 17:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.