Dûkers en dokters yn Tailân op ’en paad foar nije rêdingsoperaasje

july 9, 2018 07:44

Yn Tailân binne dûkers en dokters wer de grot yngien. Byinoar is it in tiim fan 24 leden. Hja hoopje moandei fjouwer oant seis jonges nei bûten ta te krijen. Snein waarden de earste fjouwer jonges rêden; hja lizze yn it sikehûs.

Foto: pixabay.com

De dûkers dy’t snein aktyf wiene, wurde no ek wer ynset. Dat bart neffens de minister fan Bûtenlânske Saken om’t sy ûnderwilens witte wat de omstannichheden yn ’e grot binne en hoe’t se de jonges it bêste nei bûten ta begeliede kinne. Snein waard de operaasje staakt om de dûkers rêst te jaan en de dûkflessen by de rûte lâns te ferfangen. Noch acht jonge fuotballers en harren trener sitte fêst yn de grot. Hja wurde aanst elk wer troch twa dûkers begelaat.

De fjouwer al rêden jonges ûndergean earst noch medyske kontrôles yn it sikehûs foar’t se nei harren famylje werom kinne. De jonges meitsje it nei omstannichheden goed. Yn ’e nacht fan snein op moandei hat it hurd reind yn it gebiet, mar ûnderwilens is it droech. It rêdingstiim hat sa’n seis oeren nedich om de jonges en harren trener te berikken. Nei alle gedachten sil it let wurde foar’t de jonges rêden binne, mooglik nachtwurk.

It fuotbaltiim en de coach sitte al mear as twa wike fêst. Hja waarden ferrast doe’t de grot troch swiere reinfal foar in part ûnder wetter rûn.

july 9, 2018 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.