Definityf folle minder weidzjende bisten yn Eastfardersplassen

july 12, 2018 08:20

Provinsjale Steaten fan Flevolân hawwe yn grutte mearderheid stimd foar it drastysk ferminderjen fan it tal grutte weidzjende bisten yn de Eastfardersplassen. De kommisje-Van Geel hie advisearre om it tal konikhynders, reaharten en heckfee werom te bringen nei 1100 oan it begjin fan takom winter.

Heckfee yn de Eastfardersplassen (foto: Wikipedia/GerardM)

Yn april libben der noch goed 2200 grutte weidzjende bisten yn it gebiet. Sûnder yngripen binne dat oan ’e ein fan it jier in stik mear. Foar al dy bisten is yn ’e winter net genôch te fretten. It gefolch fan it beslút is dat der nei alle gedachten hûnderten harten ôfsketten wurde moatte. De boppetallige konikhynders soene noch fongen wurde kinne en ferhuze. De populaasje heckfee soe bliuwe kinne sa’t dy is.

Under oare de Partij foar de Dieren drige yn ’e gearkomste mei in gong nei de rjochter om foar te kommen dat der weidzjende bisten ôfsketten wurde. Ferantwurdlik deputearre Hofstra (ChristenUnie) siket noch nei oare mooglikheden. De kommisje-Van Geel pleite foar it deasjitten fan de harten, om’t dy hast net byinoar te driuwen en te fangen binne.

july 12, 2018 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.