De Stormruiter by Omrop Fryslân en Omroep MAX

july 15, 2018 09:32

De Stormruiter sil ein dit jier te sjen wêze by Omrop Fryslân. Sa kin elkenien dy’t it hynstespektakel misse moast en besikers dy’t noch in kear neigenietsje wolle it stik besjen. Foar de registraasje fan it teäterspektakel, dat yn septimber en oktober opfierd wurdt, wurket Omrop Fryslân gear mei Omroep MAX.

Regisseur Jos Thie oer de registraasje fan De Stormruiter: ”Fijn dat, neist de besikers, noch mear minsken yn hiel Nederlân kennis meitsje kinne mei it moaie ferhaal fan De Stormruiter.”

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is optein oer de nije gearwurking: “Dat Omroep MAX meidwaan wol, betsjut dat wy mear mooglikheden en middels hawwe om in prachtige registraasje fan De Stormruiter te meitsjen. Gearwurking op syn bêst!” Omroep MAX direkteur Jan Slagter jout ek oan út te sjen nei de gearwurking: ”Na het succesvolle Skûtsje Journaal te hebben uitgezonden in samenwerking met Omrop Fryslân, belooft ook De Stormruiter een prachtig project te worden.”

It ferhaal fan De Stormruiter giet oer de ivige striid fan Nederlân tsjin it wetter en de bysûndere ûntsteansskiednis fan it Fryske hynsteras. Yn it teäterstik binne rollen foar ûnder oaren Ellen ten Damme, Jelle de Jong, Freark Smink, Hilbert Dijkstra, Joop Wittermans en mear as hûndert Fryske hynders.

july 15, 2018 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.