‘De lytse prins’ yn it East-Frysk

july 8, 2018 10:00 Fernijd

It berneboek Le petit prince fan Antoine de Saint-Exupéry is ien fan ‘e meast oersette boeken fan ‘e wrâld. Utsoarte binne der ek Fryske en Nederlânske ferzjes fan, krekt lykas oersettings yn it Sealterfrysk en it Noardfrysk.

Underwizeres Antje Lübben fan it eilân Norderney hat it boek no yn it East-Fryske Platdútsk oerset. Dêryn hyt it De lüttje Prins. It is útjûn troch Tintenfass, dat in soad taalferzjes fan it boek yn syn fûns hat.

It boek giet oer in lytse jonge dy’t lykme-allinnich op in lytse planeet wennet. Oersetster Antje Lübben (earder: Antje Olthoff) wurke earder as ûndersykster en dosinte Nederdútsk oan de universiteit yn Oldenburch. Nederdútsk (ek wol ‘Platdútsk’ en ‘Nedersaksysk’ neamd) wurdt yn ferskate foarmen yn de noardlike helte fan Dútslân en yn eastlik Nederlân praat.

Klik hjir om it boek te bestellen.

july 8, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.