De keunst is net mear frij

july 11, 2018 08:45

Troch Henk Wolf

It wêzen fan fiksje is dat it fiksjoneel is. Literêre skriuwers boartsje mei de wierheid en jo kinne it har net oanrekkenje dat se dingen skriuwe dy’t ûnwier of ûnaardich of ûnwettich binne. Dat kin letterlik net, alteast yn Nederlân. Yn 1968 hat de Hege Rie it oardiel fan de rjochters yn it ezelproses tsjin Gerard van het Reve bekrêftige. Dêrby waard literatuer as in fiksjoneel domein definiearre, dêr’t de yntinsje fan de auteur útmakket hoe’t in tekst ynterpretearre wurde moat. Om’t dy net objektyf te mjitten is, is fiksje in frij spylfjild fan de skriuwer, dêr’t de wetten fan ‘e bûtenliterêre werklikheid net jildich binne.

No skreau Reve oer God, in mytyske figuer dy’t him net fluch oer in boek bekleie sil, mar fansels rekket literatuer wol oan de werklikheid. Dat jout spanning. Yn hoefier kin in skriuwer him beroppe op fiksjonaliteit as er wat lêbichs seit oer romanfigueren dy’t deselde namme ha as besteande persoanen, of oer lannen dy’t ek echt besteane? Juridysk sil de skriuwers net in protte oan te rekkenjen wêze, mar de lêzers kinne dat wol dwaan. En dy dogge dat ek, soms yn klibers tagelyk. Ik tink dat elkenien noch wol wit hoefolle lilke stikken oft der oer Robert Vuijsje skreaun waarden troch lêzers dy’t net in literêr oardiel útsprutsen, mar dy’t de skriuwer te hâlden joegen dat er in ferkeard byld fan ‘e werklikheid joech.

Dizze wike hat skriuwster Sanne de Bakker ferlykbere krityk krigen. Sy is de skriuwster fan berneboeken dêr’t heeltyd in oar lân yn sintraal stiet. Wat ik derfan begrepen ha, is dat in fiksjonele famylje nei dat lân ta ferhuzet, wylst der yn kaderkes tusken de tekst weetsjes jûn wurde oer it lân. Yn hoefier oft dy feit of fiksje binne, bliuwt wat yn ‘e midden. Soks jout fansels de spanning dy’t ik hjirboppe beskreau.

Suriname, here we come

Sanne de Bakker har boek Suriname, here we come is no ûnderwerp fan fûl debat. Dat is eins te sunich útdrukt, want it is in hetze. Oanlieding binne dy weetsjes. Sa stiet der yn sa’n weetsje dat Surinaamske manlju gauris in buitenvrouw ha, dat Surinamers foar Nederlânske begripen lang oan ‘e telefoan hingje en dat swalkjende hûnen yn Suriname gauris mei sin oanriden wurde.

Wier of net wier? Ik soe it net witte. Relevant? Miskien, ôfhinklik fan hoe’t je it boek Suriname, here we come lêze. Foar wa’t it as fiksje sjocht, net. Foar wa’t it as wittenskipper besjocht, al. Mei’t it ramt fan it boek fiksjoneel is, haw ik de oanstriid de literêre frijheid foarop te setten en de skriuwster it foardiel fan ‘e literêre twivel te jaan.

The Undutchables

Soe ik my der drok oer meitsje as minsken lêbige dingen skreaunen oer Fryslân of Nederlân? Net echt. The Undutchables fan Colin White is wrâldwiid in bestseller en ik ha my de bûsen útskuord by dat boek. Net dat alles my no bekend foarkaam, mar de blik fan in bûtensteander op Nederlân fûn ik benammen hilarysk. Ik bin ek noch noait in Nederlanner tsjinkaam dy’t him steurde oan it boek. Ik laitsje myn Dútske kunde ek gauris út om de Dútske omgong mei fuotgongersljochten, de oanstriid om oeral spekjes trochhinne te dwaan en de einleaze amtlike konstruksjes yn de taal. En se laitsje fleurich mei. Dat Zaai oer Friezen gean soe, haw ik pas in pear jier ferlyn ûntdutsen. Ik fûn it in prachtsearje en ik wit ek net in Fries dy’t him deroan steurt.

It binne lykwols roerige tiden en wa’t wat lêbichs skriuwt oer wat eksoatysker oarden, dy moat him klearmeitsje op in rige ad hominems en beskuldigingen fan rasisme. Dat is wat Sanne de Bakker no oerkomt. No soe men tinke dat de skriuwster in boek makke hat dat útjûn is by in grutte útjouwer. Se ha mei-inoar besletten om it boek út te jaan en in beslút is in beslút. Sa wie it froeger. No is de sosjale druk sa fûl dat útjouwers bûge, sa fûl dat de skriuwster har útput yn ekskuzes. Foar de twadde kear, oars, want nei’t it boek yn 2012 útkomt, wie der ek al in stoarm fan polityk korrekt protest. Doe hat de skriuwster it boek oanpast en yn it iepenbier spyt útsprutsen oer ien fan de weetsjes. De wierheid fan de oare weetsjes soe troch in dokumintêre befêstige wêze, sei se.

Heksejachten

De stream flucht typte stikjes op ‘e sosjale media binne hetzes, heksejachten. De skriuwster wurdt fan fan alles beskuldige sûnder juridyske ûnderbouwing. Se wurdt bedrige. Se wurdt ôfskildere as in misdiediger. Der wurdt oproppen ta boekferbaarning, net yn in fiksjoneel ramt, mar eksplisyt, en plein public. Skriuwster, útjouwer, literatuerkritisy en akademisy komme net manmachtich foar de literêre frijheid op, negearje net stoïsijnsk it geraas, nee, se geane om. En dat is neffens my it slimste wat der yn in frije maatskippij gebeure kin.

It fiksjonele ramt makket al dy oantigingen ûnterjochte. Se ûntkenne it fiksjonele karakter fan fiksje. Se meitsje skriuwers benaud om frijút te skriuwen. De tema’s dêr’t de skriuwster fan beskuldige wurdt, binne lykwols sa swier dat it fiksjonele yn de publike diskusje amper in rol spilet. Se moat har ferdigenje tsjin absurde beskuldigingen, dy’t fier bûten it fiksjonele falle.

Toys in the Attic

Net allinne de literatuer wurdt as keunstfoarm, as frije uteringsfoarm, bedrige troch dit type heksejachten. In pear jier lyn waard it keunstwurk Toys in the Attic fan Harma Heikens fuorthelle út it Noorderplantsoen yn Grins, dêr’t it stie as part fan in útstalling yn it ramt fan it jierlikse festival Noorderzon. De reden wie dat besikers fan it festival der oanstjit oan namen en drigen om it stikken te meitsjen. Gelokkich wienen der doe minsken dy’t it yn it iepenbier foar de keunstneresse opnamen, mar de diskusje gong ek fuortendaliks oer in ynterpretaasje fan it keunstwurk en oft dat wol yn ‘e iepenbiere romte thúshearde. De festivalorganisaasje, dy’t it keunstwurk earder sels opnaam hie, sei net simpelwei: “Wy ha hjirfoar keazen. Meist it net lije, dan hast pech”, nee, de ‘gefoelichheden fan it publyk’ krigen foarrang.

Tim Hunt

Yn Grut-Britannië wurde listen byholden fan de universiteiten yn it lân en de frijheid dy’t studinten ha om har dêr frij te uterjen. Yn Amearika wolle ferskate komiken al net mear op universiteiten spylje, om’t it publyk har grappen letterlik nimt en de optredens fersteurt. Biogemikus Tim Hunt, nota bene in Nobelpriiswinner, rekke yn 2015 syn baan kwyt by in Ingelske universiteit nei lilke reaksjes op in grapke dat er op in kongres makke hie. De man is ien fan de tûkste minsken fan ‘e wrâld en hy wurke oan tige wichtich ûndersyk nei it bestriden fan kanker.

It is my in griis dat de frijheid fan skriuwers, keunstners, komiken en wittenskippers yn ‘e praktyk beheind wurdt troch groepen dy’t der mar op los driigje, skelle, beskuldigje. Diskusje is gjin rasjonele útwiksel fan arguminten mear, diskusje wurdt net troch redaksjes yn goede banen laat, mar it is ferfongen troch in stream fan yrrasjonele, hystearyske reaksjes dy’t sa hurd oanboazet dat útjouwers en universiteiten derfoar op ‘e rin geane, de earen hingje litte nei in razende en roppende kliber, ynstee fan de skouders op te lûken, de plysje yn te ljochtsjen oer de bedrigingen en beskuldigingen en oproppen ta boekferbaarning, en de reaksjes fierder folslein te negearjen. De heksejagers krije har sin, sy meitsje no de regels.

En dat is kwalik.

july 11, 2018 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.