De ein fan it Standertfrysk?

july 8, 2018 12:40

Friezen witte wol dat it Standertfrysk in skriuwtaal is, dy’t amper praat wurdt. Wa’t dat wol docht, wurdt der sels gauris raar om oansjoen. Dochs leare net-Frysktalige minsken op kursus it Standertfrysk. En wa’t Frysk skriuwt, docht dat meast net yn it Klaaifrysk, Súdhoeksk of Wâldsjers, mar yn it Standertfrysk. Mar hoe lang noch?

Dat lang net elkenien wiis is mei it ferskil tusken skriuwtaal en sprektaal, waard dizze wike wol dúdlik. Hast tagelyk klinke in pear bekende stimmen yn it Fryske taaldebat dy’t pleitsje foar mear rûmte foar de sprektaal yn it skriuwen en op skoalle.

Yn it nije nûmer fan tydskrift De Moanne lit oersetter Geart van der Mear dúdlik blike dat it Standertfrysk in myte is, fol mei taal dy’t twahûndert jier ferlyn ek net op dy manier brûkt waard. Mei ferwizing nei grutte skriuwers út it ferline, lykas de bruorren Halbertsma, hat er sels guon typyske skriuwtaalwurden yn ‘e ban dien. Hy seit derby dat it Frysk dat er skriuwt lykwols foar in protte Frysktaligen dreech te folgjen is, om’t de ôfstân tusken de sprektaal en de skriuwtaal no ienris tige grut is.

De twadde stim dy’t opklinkt, is dy fan Pieter Breuker, dy’t lang as dosint Frysk by de universiteit yn Grins wurke hat en ek bekend is as keatskenner. “Jo moatte de taal net by de minsken weihelje”, seit er yn in ynterview mei Bert de Jong yn De Moanne. “De posysje fan it Frysk is al hiel swak, dat brûk de taal sa’t dy ûnder de minsken libbet. Der is gjin ferkeard Frysk.”

Taalkundige Henk Wolf hie it fan ‘e wike yn in fideo ek oer de kwestje fan standerttaal op skoalle. Dêrby gie it net om it Frysk, mar om it Sorbysk, in minderheidstaal yn East-Dútslân. It Nijs pleatste dêr juster in link nei. Klik hjir om de fideo te besjen.

july 8, 2018 12:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute de graaf july 10, 10:05

    Taal spegelt it libben. Breuker en van der Meer ha neffens my wol gelyk. Tefolle ha taalpommeranten yn Fryslân de gewoane man bepaald by akedemyske útgongspunten. Mar der moat wol ôfspraken jilde oars wurdt it in rommeltsje. Yn dizze fjouwer rigels sit ek alwer wurden dy’t te meitsjen ha mei de Hollânske taal. We sil der net oan ûntkomme.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.