‘Brûken fan ferslaavjende pynstillingen rint út ’e hân’

july 21, 2018 10:40

Deskundigen warskôgje dat it foarskriuwen fan ferslaavjende pynstillingen út ’e hân rint. It tal brûkers fan oksykodon is yn seis jier tiid fertrijefâldige, ta 439.000 jiers. Neffens de Volkskrant beskriuwe ferslaafden ôfkickferskynsels dy’t oan dy fan heroïne tinken dogge.

Foto: pixabay.com

Oksykodon waard earder allinnich foarskreaun oan kankerpasjinten, mar tsjintwurdich krije minsken nei in mangeloperaasje of in bonkebreuk de pynstilling ek faak mei nei hûs. By groanyske pine wurdt er ek foarskreaun.

Deskundigen sizze yn ’e krante dat se har soargen meitsje om’t it middel ferslaavjend wêze kin by langduerich gebrûk. Oksykodon is in morfine-eftige pynstilling mei soms tige sterke effekten. Yn de Feriene Steaten is it ekstreme gebrûk fan oksykodon al langer in probleem. Dêr ferstoaren yn 2016 goed 42.000 minsken nei in oerdoasis sterke pynstillers, lykas oksykodon. Der wurdt yn de FS al in jier of wat praat fan in opiatekrisis. Jiers wurde dêr fiif miljard fan sokke pillen brûkt.

Oksykodon wurdt troch húsdokters faak troch in werhellingsresept foarskreaun. It Nederlânsk Húsdokters Genoatskip is fan betinken dat brûkers fan sterke pynstillingen foar in werhellingsresept eins opnij troch de dokter sjoen wurde moatte. En dat se net foarskreaun wurde moatte soene oan minsken dy’t earder ferslave wiene oan drugs, alkohol of tabak.

july 21, 2018 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.