Brânwacht drok mei natuerbrannen

july 1, 2018 16:46

Foto: pixabay.com

Yn Alphen yn Brabân stiet sûnt sneintemoarn in stik natuer yn ’e brân. De brânwacht seit dat er in protte reek frijkomt en warskôget om de reek net yn te azemjen. Underwilens is de brân ûnder kontrôle en wurdt der foarearst noch neidwêst. It giet om in gebiet fan likernôch ien hektare.

Yn Budel, op ’e grins fan Braban en Limburch, is sneintemiddei brân ûntstien op in militêr oefenterrein. De brân ûntstie dêr op in rysdroech greide, berjochtet Omrop Brabân. It fjoer wreidet him no, nettsjinsteande de ynset fan tal fan brânwachtkorpsen út de omkriten, út nei de bosken deromhinne.

Yn parten fan Nederlân is in ferhege risiko op natuerbrannen fanwege de drûchte. Yn Reusel (NB) bruts sneon brân út yn in natuergebiet. De brân wie nei alle gedachten ûntstien troch in kampfjoer dat sneontejûn oanstutsen wie. Troch de feangrûn moast de brânwacht alle war dwaan om it fjoer út te krijen. Foar it hiele kustgebiet is koade read ôfkundige.

july 1, 2018 16:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.