Braille-alfabet is oanpast

july 18, 2018 09:45

It Frysk en Nederlânsk kinne fansels praat wurde. De talen kinne ek skreaun wurde mei de 26 letters fan it Romeinske alfabet, elk mei syn eigen aksinttekens derby, en mei in steal lêstekens. En wat faak fergetten wurdt: se kinne skreaun wurde yn it Braille-alfabet, dat makke is foar bline minsken, dy’t it lêze mei de fingerseinen. De letters fan it Braille-alfabet besteane út in flakje mei seis plakken om in ferheginkje te pleatsen.

Dat Braille-alfabet is yn april dit jier feroare. In opfallende feroaring sit yn de haadletters. It Braille-alfabet brûkt foar haad- en lytse letters deselde tekens. Om oan te jaan dat in teken as haadletter bedoeld is, stiet der in apart teken foar. De manier om oan te jaan dat in folslein wurd lêzen wurde moat as soe it yn haadletters stean, is feroare.

Der binne ek in pear lês- en aksinttekens oanpast. Sa is der in nij teken foar ± en ferfalt ien fan ‘e twa âlde tekens om yn in som in fermannichfâldiging oan te jaan. De manier om it dakje (^) oan te jaan is ek feroare.

Foar Fryske brailleboeken sil de wiziging konsekwinsjes hawwe.

In oersjoch fan de feroarings is hjir te finen: link.

Foto: Wikipedia/antonioxalonso (Creative Commons)

july 18, 2018 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.