Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 15

july 1, 2018 03:00

Twa wike sûnder benzine? Moat kinne!

Kollum

Fryslân liket yn ’e brân te stean. Oeral binne optredens yn de provinsje en alles is in sukses. De rige fan útferkochte foarstellingen, eksposysjes en strjitteäter wurdt hieltyd langer. Dat jout de Friezen aardich wat nije moed. En moed is nedich om mei-inoar yn Fryslân hieltyd wer stappen te nimmen om it op in grutske koers te hâlden. Skjin, ferantwurdlik,  reewillich, eigenwiis, freonlik, streekrjocht en grutsk, allegear kanten dy’t yn 2018 op in prachtige wize nei boppen driuwe. It liket as stige de Friezen troch alle posityf omtinken boppe harrensels út en binne se fan doel om dy nije enerzjy fêst te hâlden. Dat soe moai wêze!

Kinne wy yn Fryslân ek twa wike sûnder benzine en disel? Fryske studinten betochten dat inisjatyf en neamden it de Alvewegetocht. Twa wike gjin fossile brânstoffen tanke, tusken 1 en 14 july. Twa jier lyn like dat in utopy, mar dat is it no net mear. Op grutte skaal heakje alle dagen aloan mear dielnimmers oan.

Fan ’e wike siet ik yn ’e trein mei in doarpsgenoat. Se fertelde dat se noch nea fan de Alvewegetocht heard hie. Twa wike fossylfrij foarút komme, tsja, dat like har net mooglik. Hoe moat ik dan woansdeitemiddeis mei ús jonkje nei logopedy yn Grou?”
“Ut Akkrum wei?”, frege ik.
“Ja, út Akkrum wei!”
Ja…, dat liket yndied in net op te lossen probleem! Oant se nei in kertierke op it idee kaam om blauwe disel te tanken, op ’e fyts te gean of de ôfspraak te fersetten. Se betocht sels dat se ek wol op it hynder gean koe. Foardat wy útstapten wie alle stress wer ôfsakke nei in akseptabel nivo. “Hearken, wat in aardich projekt”, wiene har ôfskiedswurden!

En aardige projekten, dêr hâlde Friezen fan. Sa ûntstiet ek it sfearke fan dat dogge wy allegear mei-inoar! Dogge jimme ek mei? www.elfwegentocht.nl

Hjoed is it dan safier: brûk alle kreativiteit. Lit Fryslân sjen dat it kin?

Meet me at the Elfwegentocht!
Fan 1 oan en mei 14 july, alle jûnen op telefyzje nei Nieuwsuur op NPO 2

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert.
july 1, 2018 03:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.