Boris Johnson nimt dien as minister

july 9, 2018 16:36

Foto: Wikipedia/NuclearVacuum

Boris Johnson hat dien nommen as minister fan útlânske saken fan it Feriene Keninkryk. Johnson giet fuort út ûnfrede mei de ôfspraken oer de Brútstap, it lid-ôf wurden troch it Feriene Keninkryk fan de Europeeske Uny.

De eksintrike Johnson, dy’t ûnder oaren bekend waard trochdat er gauris op ‘e televyzje is trochdat er in pear jier boargemaster fan Londen wie, wol dat it FK him folslein losmakket fan de EU. Premier Theresa May hat de ôfrûne tiid mei de EU ûnderhannele oer de betingsten fan ‘e Brútstap en hja is dermei akkoart gien dat har lân dochs op allegear wizen bûn bliuwt oan EU-regels. Foar Johnson is dat net akseptabel.

Snein stapte minister Davis Davis, dy’t de Brútstap tariede moast, ek al op út protest tsjin de plannen fan frou May.

july 9, 2018 16:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.