Boeremerk Wâldsein mei fergeze fartocht troch it doarp

july 10, 2018 08:48

foto: Wâldseinpromoasje

Wâldsein organisearret fan 19 july oant en mei 23 augustus seis kear op tongersdei in lytse gesellige boeremerk. De merk sil holden wurde fan 11.00 oant 17.00 oere op de Waechswâl yn it sintrum fan it doarp. 

De merk en aktiviteiten steane yn it teken fan it boerelibben, ûnder mear troch it ferkeapjen fan farske streekprodukten. Dêrby giet it om fleis, tsiis, aaien, griente, fruit, huning, fisk, boere-iis, ensafuorthinne.

De hoarekabedriuwen sille hearlike streekprodukten foar de gasten tameitsje, dêr’t se op de terraskes gesellich fan genietsje kinne, lykas hin fan ’t spit, pizza en super farske fisk. Salang’t de merk duorret binne der ferskillende berne-aktiviteiten en gesellige terraskes mei live muzyk.

Fergees farre 
Op de merkdagen is der dizze simmer in ekstra attraksje: fergees in eintsje farre troch it doarp. De wurdt opstapt by de passantehaven, flakby de merk. De boat fart nei de houtseachmûne De Jager. Dêrwei is it sa’n fiif minuten rinnen nei de merk. De kuierrûte fiert troch it histoaryske sintrum mei syn unike smelle steechjes, de mûnen en de tsjerken en de gesellige Midstrjitte mei ferrassende winkeltsjes.

Oerdeis kin der fergees oanlein wurde yn de nije passantehaven; de boeremerk en it sintrum binne dêrtroch foar wettersporters op rinôfstân goed te dwaan.

july 10, 2018 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.