Besykjen ta wrâldrekôr elektrysk riden

july 14, 2018 10:51

De N31 tusken Drachten en Ljouwert is sûnt 05.00 oere sneontemoarn ôfsletten. Net troch wurksumheden of in ûngelok, mar om it wrâldrekôr elektrysk riden te brekken. It is de grutte finale fan de Alvewegetocht.

“Wy gean foar de grutste duorsume staasje ea”, seit Tsjeard Hofstra fan de Alvewegetocht. Om it hjoeddeiske rekôr út 2015 te ferbrekken, moatte der op syn minst 576 tal elektrysk reau yn ien lange staasje meiride hjoed. Oft dat ek slagje sil is noch ûnwis: freed kaam de organisaasje noch 200 tal elektrysk reau tekoart. “It soe spitich wêze as it besykjen ta it rêkor dêrtroch mislearret. Mar úteinlik giet it om bewustwurding: wy wolle sjen litte dat riden sûnder fossile brânje te brûken mooglik is.”

Gjin drip disel of benzine
Dat wie ek it tema fan de Alvewegetocht de ôfrûne twa wike. Elkenien yn Fryslân waard oanmoedige om fossylfrij te reizgjen, dus sûnder in drip disel of benzine. En eltse dei kaam in oare provinsje nei it noarden mei syn skjinne alternativen. De parade einiget sneontemiddei yn Ljouwert. Nei ôfrin fan it besykjen it wrâldrekôr te brekken wurdt de N31 om 18.00 oere hinne wer frijjûn. Omliedings wurde oant dy tiid mei buorden oanjûn.

Bywurke: 378 tal elektrysk reau wie net genôch foar in wrâldrekôr. De ôfsluting fan de Alvewegetocht wie neffens projektlieder Tsjeard Hofstra wol de “grutste duorsume staasje ea”. Under oare auto’s, fytsen, skelters, skateboards en waveboards giene sneon oer de Wâldwei.

july 14, 2018 10:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.