Belibje de geheimen fan de nacht

july 3, 2018 10:45

Op 25 july 2018 is by Swarte Haan oan it Waad it festival Nacht oan it Waad. Dêr steane it hearren, sjen, fielen, priuwen en rûken sintraal by. It festival stiet yn it teken fan it belibjen fan it tsjuster en pilgrimaazje. It slút oan op de oankomst fan de pylgers earder dy dei yn Sint-Jabik.

Om 19.00 oere hinne begjint in prosesje yn Sint-Jabik dêr’t elkenien oan meidwaan kin. De pylgers fan de Camino der Lage Landen binne de middeis al oankommen. It festival wol de ferbining wêze tusken Camino der Lage Landen en it Fryske Finisterre: de Swarte Haan, it ultime begjin (of ein) fan de pylgerrûte.

De oankomst fan de prosesje is de start fan it festival. It koar Dekoor en it wrâldmuzykkoar RemoliNo sille de prosesje ûntfange by de Swarte Haan. RemoliNo nimt de festivalgongers troch de jûn en de nacht mei mei it prachtige Skaad oer it Waad. Muzyk, poëzy, iten en ferhalen binne de belangrykste bestândielen fan it festival. Yn restaurant Zwarte Haan binne ferskillende húskeamerkonserten. Der wurdt in grut ynrjochte mei iten út de eigen krite. It behâld fan de nacht is goed foar de minske en fan libbensbelang foar de natuer.

Mear ynformaasje is te krijen by Keunstwurk.

‘Nacht oan het Waad’ wurdt mooglik makke troch it Waadnfûns. Keunstwurk, Lânskipsbehear Fryslân, Santiago oan it Waad en Never Ending Orchestra (LF2018) wurkje deryn gear.

 

july 3, 2018 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.