Baskyske en Bretonske antwurden op eksamen net neisjoen

july 6, 2018 19:47

(Boarne: Morguefile.com)

Moandei berjochte It Nijs oer in groep Baskyske learlingen dy’t prinsipieel yn it Baskysk antwurd jûn hiene op eineksamenfragen. It giet om learlingen yn it Frânske part fan Baskelân. Yn Bretanje wiene ek Bretonske learlingen dy’t harren eigen taal brûkten om de fragen te beantwurdzjen. By guon fakken is dat tastien, by oaren net. Dochs diene hja it by alle fakken. Hja protestearren dizze wike tsjin it foarnimmen fan de Frânske eksamenorganisaasje om de antwurden ûnjildich te ferklearjen.

Ferline jier spile wat soartgelikens en doe binne de antwurden op it lêste stuit dochs jildich ferklearre en neisjoen. No liket it de oare kant út te gean. De eksamenorganisaasje hat oankundige dat de regels gjin net-Frânske antwurden tasteane. Alden en leararen giene dêrom freed nei it haadkantoar fan de organiaasje yn Bordeaux om te protestearjen.

july 6, 2018 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.