Baskyske antwurden meitsje eksamen ûnjildich

july 2, 2018 23:46

Boarne: Morguefile.com

De eineksamens binne op harsels al spannend. Alle jongelju dy’t it eksamen ôflein hawwe, wachtsje mei spanning op ‘e útslach. Noch spannender wurdt it as der in kâns is datst der net troch komst fanwegen de taal dy’tst brûkt hast.

Oars as de Friezen hawwe in protte lytse taalgroepen yn Europa harren eigen skoallen, dêr’t de eigen taal de wichtichste of iennichste fiertaal is. Yn Baskelân binne dan ek Baskysktalige skoallen, mei it Baskysk as fiertaal. Dat wol lykwols net sizze dat de oerheid it goed fynt as de learlingen harren antwurden op it eineksamen yn dy taal jouwe.

Baskelân is in regio yn de Pyreneeën. It noarden leit yn Frankryk en it suden yn Spanje. Wylst de Basken yn Spanje frijwat rjochten hawwe as it op harren taal oankomt, moatte de taalgenoaten yn it Frânske part harren gauris ferbrekke. Dat gou ek foar de learlingen dy’t ferline wike eineksamen diene op de trije Baskysktalige skoallen fan de koepelorganisaasje Seaska.

De learlingen fan Seaska hawwe spesjale tastimming krige om beskate eksamens yn it Baskysk te meitsjen. Oaren moatte lykwols yn it Frânsk dien wurde. Dat wie bygelyks it gefal mei natoerwittenskippen. In groep fan 179 learlingen wie it dêr net mei iens en joech yn it Baskysk antwurd op ‘e Frânske fragen. No bestiet it risiko dat hja it sifer nul krije.

Net earlik, binne de learlingen fan betinken. Hja hawwe dêrom freed foar harren skoallen in protestaksje organisarre. Omtinken krigen hja dêr wol mei, de lanlike Frânske media kamen derop ta en hawwe deroer skreaun.

Der is in kâns dat it allegear net sa raar komme sil. Ferline jier wie der ek in groepke learlingen dat it ferpofte om har te ferbrekken. Harren waard ek oansein dat se in ûnfoldwaande krije soene, mar lang om let joech  de eksamenynstânsje belies en waarden de antwurden dochs ynhâldlik beoardiele.

july 2, 2018 23:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.