Alde leafde werom yn it libben fan Piet Paulusma

july 9, 2018 17:16

foto: Omrop Fryslân

Piet Paulusma pakt syn âlde leafde wer op en wurdt DJ by Omrop Fryslân. Al jierren is Piet Paulusma suksesfol as waarman, mar neist syn leafde foar it waar hat Piet ek in oare leafde, de muzyk. Fan moandei 9 july ôf is er alle wurkdagen as DJ te hearren yn it programma Weistra op wei, fan 16.00 oant 19.00 oere by Omrop Fryslân op 92.2FM.

Tusken alle monitoaren mei waarkaarten stiet fan no ôf in draaitafel dêr’t DJ Piet Paulusma deistich syn Pietplaat op hearre litte sil oan de harkers fan Omrop Fryslân. Alle dagen hellet er in oare plaat út syn favoriten en bestimpelet dy as Pietplaat fan de dei.

Wat in soad minsken net witte is dat de Fryske waarman yn it ferline in populêre DJ wie. “Doe’t ik jonger wie, wie ik altyd in wat ferlegen jonge. Dochs wjerhold dat my net om as DJ oan ‘e slach te gean. It DJ’en begûn gewoan thús mei in draaitafel. Letter draaide ik ek op skoalfeesten en stadich mar wis ek op gruttere feesten. En no mei ik dus myn eigen Pietplaat presintearje by Omrop Fryslân, sa is de sirkel wer rûn.”

De Pietplaat fan Piet Paulusma is alle wurkdagen te hearren yn it programma Weistra op wei tusken 16.00 en 19.00 oere.

july 9, 2018 17:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.