Aksje foar mear Kornyske ynternettelevyzje

july 13, 2018 20:30

IJskoreklame yn it Kornysk (foto: Pellwolok an Pernewegva)

De taal Kornysk wie útstoarn. De lêste sprekker is om 1800 hinne ferstoarn. Yn de tweintichste ieu begûnen minsken lykwols wer Kornysk te learen en wilens binne der sa’n trijetûzen sprekkers, fan wa’t sels guon de taal as memmetaal fan ‘e âlden meikrige hawwe. No wolle de sprekkers ek televyzje yn harren eigen taal.

Wolle jo dat in taal mear is as allinnich de taal fan thús en fan in pear oare pielders, dan moat dy taal ek foar nijsgjirrige saken brûkt wurde. It is net om ‘e nocht dat sprekkers fan lytse talen safolle wurk dien hawwe om omroppen yn de eigen taal te krijen. Yn it ynternettiidrek is dat technysk en finansjeel in stik makliker wurden, mei’t jo de programma’s gewoan op in webstee sette kinne. Dat is dan ek wat de Kornyskpraters wolle: radio en televyzje yn it Kornysk. Under de namme Pellwolok an Gernewegva makket in groep frijwilligers al in pear jier programma’s yn dy taal.

Finansjele stipe

De groep wol graach in lytse studio hawwe en de frijwillige meiwurkers in pear mediakursussen folgje litte. Dat kostet lykwols jild. De groep siket dêrom minsken dy’t wat finansjele stipe jaan wolle.

Wat’t graach wat bydrage wol, kin dat dwaan fia dit webstee:
https://www.crowdfunder.co.uk/cornish-language-tv

Wa’t de útstjoerings fan Pellwolok an Gernewegva besjen en beharkje wol, kin teplak op:
https://www.youtube.com/channel/UCD39tsDSoxPf9EqRnPDoXeQ

Besibbe talen

It Kornysk is in Keltyske taal. Dat wol sizze dat it besibbe is oan it Welsk, Iersk Skotsk Gaelic en Bretonsk. It Manx, de Keltyske taal fan it eilân Man, heart ek by de Kornyske famylje en is lykas it Kornysk opstien út ‘e dea. Hoewol’t de talen besibbe binne, binne de ferskillen dochs te grut as dat de sprekkers inoar allegear maklik begripe. Welsk- en Iersktalige televyzje is der bygelyks aardich wat, mar dat kin in Kornyskpraters dochs net maklik neikomme.

july 13, 2018 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.